Slymnjoggeneagen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 48:
 
==Skaaimerken==
Slymnjoggeneagen ûntjoegen har sa'n 300 miljoen jier lyn, en de libbene [[soarte]]n fan no ferskille mar amperoan fan 'e [[fossyl|fossilen]] dy't út dy tiid fûn binne. It binne [[kâldbloedichheid|kâldbloedige]], iel-foarmige bisten mei in [[sturt]] dy't se as peddel brûke en in keale [[hûd]] sûnder [[skob]]ben dy't har los om it liif hinget. Har [[plasse (lichemsdiel)|plasse]] is fan [[kreakbien]] en har [[tosk]]en binne fan [[keratine]]. Se hawwe in rûne, [[kaak (lichemsdiel)|kaak]]leaze [[bek]] mei in kreakbiennen plaat dêr't twa pear tosken op sitte. De toskeplaat kin yn en út beweegd wurde, sadat slymnjoggeneagen der har fretten mei gripe en dat nei har [[kiel]] ta bringe kinne. Yn har [[spiisfertarring]]sstelsel ûntbrekt in as sadanich identifisearbere [[mage]]. Se libje op en deunby de seeboaiem, dêr't se benammen [[wjirms|seewjirms]] frette. Dêrnjonken folje se har menu gauris oan mei [[ies (kadaver)|ies]] of sels libben fleis fan bisten dy't soms hûnderten kearen grutter binne as sysels. Slymnjoggeneagen steane derom bekend dat se har proai yn sokke gefallen faak fan binnenút opfrette.
 
Op it mêd fan 'e [[fuortplanting]] fine sawol [[befruchting]] as ûntwikkeling bûten it lichem fan 'e âlden plak. Der bestiet by slymnjoggeneagen gjin âlderlike soarch. Har namme hawwe dizze fisken te tankjen oan it slym dat se ôfskiede as se har bedrige fiele, út sa'n hûndert [[klier]]en dy't har yn in rige oer de [[fang (lichemsdiel)|fangen]] rinne. As in slymnjoggeneach bygelyks by de sturt beetholden wurdt, dan kin er in hoemannichte klibjend en sjelei-eftich slym ôfskiede dat útset oant wol 20 liter as it mei wetter yn oanrekking komt. As se dêrmei net loskomme, dan lizze harsels yn in knoop, wêrby't se dy knoop fan kop oant sturt oer har liif hinne gliidzje litte en dêrby net inkeld it slym, mar ek de gryp fan har fijân fan har ôfskraabje. Nettsjinsteande har ôfwearzige oansjen en libbenswize, dy't makket dat [[fisker]]s dizze bisten ornaris gewurde litte, wurdt ien soarte, de [[Japanske slymnjoggeneach]] (''Eptatretus burgeri''), yn [[Koreä]] beskôge as in delikatesse. Net inkeld wurde de fisken sels iten, mar se wurde libben fongen en derta oanset om safolle mooglik slym te produsearjen, dat yn 'e Koreaanske koken yn beskate gerjochten it plak ynnimt dat [[aai (bist)|aaiwyt]] yn 'e Westerske koken hat.