Ferskil tusken ferzjes fan "Libben"

25 bytes grutter ,  6 moannen lyn
bs
(nije side)
 
(bs)
 
Hoewol't men libben oant no ta inkeld op 'e Ierde mei wissichheid fêststeld hat, giet men derfan út dat der ek [[bûtenierdsk libben]] bestean moat, wêrby't men net yn it foarste plak tinkt oan heechûntwikkele [[beskaving]]s fan [[yntellekt|yntelliginte]] wêzens, mar earder oan ienfâldige organismen, lykas baktearjes of skimmels. [[Keunstmjittich libben]] is in [[kompjûter]]technologyske simulaasje fan wier libben. It tsjinstelde fan it libben is de [[dea]], dat omskreaun wurde kin as de ôfwêzichheid fan alle biologyske prosessen. Dêrby binne der [[anorganysk]]e dingen, dy't altyd dea west hawwe, mar ek dingen dy't libben wiene, mar deagien binne troch it proses fan [[ferstjerren]], dat in ein makket oan it libben. [[Utstjerren]] is it proses wêrby't in hiele soarte of in groep besibbe soarten wêzens ophâldt te libjen. Deade oerbliuwsels fan libbene organismen wurde [[kadaver]]s of yn it gefal fan [[minske]]n, [[lyk|liken]] of stoflike omskotten neamd. In [[Fossyl]] is it ûndergrûnsk [[ferstienning|ferstienne]] en dêrtroch preservearre kadaver (of alteast it [[skelet]] fan it kadaver) fan in organisme út it ferline.
 
It libben op 'e Ierde kaam tusken 3,8 en 4,1 miljard [[jier]] lyn ta stân. Foarhinne leaude men dat libben geregeldwei troch it proses fan [[spontane generaasje]] fuortkaam út anorgane materialen, mar dy (no folslein ûntkrêfte) [[teory]] wie basearre op [[byleauwe]] en breklik ûndersyk. De moderne [[wittenskip]] is fan betinken dat it libben op 'e Ierde oarspronklik wol deeglik fuortkommen is út libbenleas materiaal, yn in proses dat [[abiogeneze]] neamd wurdt. Dat soe lykwols in proses west hawwe dat mar ien kear foarkommen is en wêrby't [[organyske stof]]fen har yn it [[oersop]] oer ferrin fan miljoenen en miljoenen jierren ûntwikkele hawwe soene ta primitive [[sel (biology)|sellen]]. [[Molekúl|Molekulen]] as [[desoksyribonukleïnesoer|DNA]] en [[RNA]] soene by abiogeneze in wichtige rol spile hawwe. Neitiid soene dy earste sellen har troch in proses fan [[evolúsje]] stadichoan ûntjûn hawwe ta al it libben op 'e Ierde sa't dat no bestiet. Yn [[july]] [[2016]] makken ûndersikers bekend dat se in byinoarhearrende groep fan 355 [[gen]]en identifisearre hiene fan 'e [[lêste universele mienskiplike foarâlder]] (''last universal common ancester'', LUCA) fan alle organismen op 'e Ierde.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
14.042

bewurkings