Militêre science fiction: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
'''Militêre science fiction''' is in subsjenre fan [[science fiction]] wêrby't it ferhaal him (benammen) taleit op it gebrûk fan science fiction-technology, yn it bysûnder wapentechnology, foar militêre doelen, wylst de wichtichste personaazjes leden fan in militêre organisaasje binne dy't belutsen binne of reitsje by militêre aktiviteiten. Sokke ferhalen kinne plakfine yn 'e [[romte (astronomy)|romte]], mar ek op 'e [[grûn]] op ferskate (fiktive) [[planeet|planeten]]. In detaillearre beskriuwing fan it oangeande militêre konflikt heart ek ta de skaaimerken fan militêre science fiction. Yn 'e ferhalen binne fierders faak ferwizings werom te finen nei wiere [[oarloch|oarloggen]] út it ferline of it hjoed, wêrby't it plak fan lannen ynnommen is troch planeten of stjerreriken, wylst [[skip|seeskippen]] ferfongen binne troch [[romteskip]]pen.
 
De klam leit yn 'e militêre science fiction yn 'e regel op tradisjonele wearden, lykas moed, plichtsbesef, selsopoffering en freonskip tusken soldaten. De militêre operaasjes wurde ornaris beskreaun fanút it eachpunt fan in soldaat, ofsier of ûnderofsier. De [[technology]] is in stik mear avansearre as tsjintwurdich, en wurdt faak oant yn detail beskreaun. Yn guon militêre science fiction-ferhalen binne der gjin grutte feroarings op it mêd fan 'e technology, mar binne krekt oare aspekten fan 'e hjoeddeiske maatskippij feroare; bgl. dat froulju akseptearre wurde as folslein gelikens oan manlju, ek yn militêre gefjochtsrollen.