Plattelân: ferskil tusken ferzjes

12 bytes grutter ,  2 jier lyn
bs
(nije side)
 
(bs)
 
It '''plattelân''' is yn prinsipe alle gebiet dat him bûten de [[beboude kom]] befynt. As [[synonym|synonimen]] sprekt men ek wol fan '''lanlik gebiet''' of '''op 'e romte''' (yn 'e sin fan: "se wennen yn in arbeidershúske op 'e romte"). It plattelân bestiet yn [[Fryslân]] benammen út [[greide]]n en [[ikker]]s foar [[lânbou|agrarysk gebrûk]], mei [[pleats]]en, [[buorskip]]pen, [[útbuorren]]s en hjir en dêr in [[hûs]] dat alhiel op himsels stiet. Ek [[bosk]]en, [[fean]] en [[heide]]gebiet wurde ta it plattelân rekkene. Yn 'e [[romtlike oardering]] is it plattelân it tsjinstelde fan 'e [[stêd]]; yn dat ramt wurde faak ek de (lytsere) [[doarp]]en ûnder de oantsjutting 'plattelân' beflapt.
 
It plattelân ûnderskiedt him net inkeld fan stêden en gruttere doarpen troch folle minder [[huzebou|bebouwing]] en in folle legere [[befolkingstichtens]], mar ek troch [[kultuer|kulturele]], [[maatskippij|maatskiplike]] en [[polityk|politike]] ferskillen. Yn polityk en maatskiplik opsjoch binne plattelânsbewenners oer it algemien in stik [[konservatisme|konservativer]] as [[stedsjer]]s. Troch de legere befolkingstichtens binne der folle minder foarsjennings as yn 'e stêd, lykas [[iepenbier ferfier]], ynstellings op it mêd fan [[genêskunde|medyske]] [[sûnenssoarch|soarch]], [[bibleteek|bibleteken]], [[winkel]]s, [[kafee]]s, [[restaurant]]s, [[teäter (gebou)|teäter]]s en [[museum|museä]]. Op it plattelân wurdt sadwaande faak sein fan: "as men wat wol, dan moat men nei stêd."
 
It brekme oan foarsjennings wurket [[befolkingskrimp]] yn 'e hân, nammenste mear om't der op it plattelân ek net in protte [[wurk]] foarhâns is. Foarhinne, doe't op eltse pleats noch ferlet wie fan ferskate [[boere-arbeider]]s, liek dat hiel oars, mar oan dy sitewaasje kaam in ein doe't yn 'e [[1950]]-er jierren de [[meganisaasje]] fan 'e [[lânbou]] ynsette. Sadwaande is it benammen foar de [[âlderein]], dy't net mear sa maklik op 'en paad kin, faak dreech om op it plattelân wenjen te bliuwen. Ek in grut part fan 'e [[jongerein]] tsjocht fuort om yn 'e stêden te [[studearjen]], en bliuwt dêr netiid faak hingjen. Foar al dy beswieren oer stiet dat it plattelân folle mear [[rêst]], [[romte]] en [[gemoedlikens]] biedt as de stêden.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
14.392

bewurkings