Winterfair Gifts: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 28:
 
==Eftergrûn==
Bujold skreau ''Winterfair Gifts'', dat oerset wurde kin as "Wintermerkegeskinken", yn [[2002]], fuort nei't se ''[[Diplomatic Immunity (science fiction-roman)|Diplomatic Immunity]]'' ôf hie. Yn it neiwurd fan 'e [[omnibus (boek)|omnibus]] ''Miles in Love'' fertelt se dat se doedestiden al in hoartsje omrûn mei in pear ideeën dy't te beheind lieken om in hiele [[roman]] ûnderstypje te kinnen. Mar doe't se troch [[Catherine Asaro]] frege waard om in novelle, foar in bondel dy't dy oan it gearstallen wie, foelen alle puzelstikjes teplak. Sa krige se de kâns om te sjen wat der fan serzjant Taura wurden wie en dêrnjonken om better yn 'e kunde te kommen mei kriichsman Roic, dy't har yn ''Diplomatic Immunity'' yntrigearre hie.<ref> Bujold, Lois McMaster, ''Afterword'', yn 'e omnibus ''Miles in Love'', s. 862.</ref>
 
''Winterfair Gifts'' [[fertelperspektyf|is skreaun]] yn it [[personeel perspektyf|personele perspektyf]] en kaam (yn it [[Ingelsk]]) foar it earst út yn febrewaris 2004, as ûnderdiel fan 'e bondel ''Irresistible Forces'', gearstald troch Catherine Asaro en mei novelles fan harsels en Bujold en fierders fan [[Mary Jo Putney]], [[Jo Beverley]], [[Jennifer Roberson]] en [[Deb Stover]]. ''Irresistable Forces'' waard publisearre troch de útjouwerij ''[[New American Library]]'' (NAL). Dêrby moat oantekene wurde dat, fanwegen fertragings fan 'e útjefte fan 'e bondel, de earste publikaasje fan ''Winterfair Gifts'' yn it [[Kroätysk]] ([[2002]]) wie, folge troch de [[Russysk]]e oersetting ([[2003]]). Yn 2004 waard ''Winterfair Gifts'' útjûn as (Ingelsktalich) [[e-boek]] en yn [[2008]] as [[audioboek]]. Datselde jiers kaam ek de omnibus ''Miles in Love'' út (in titel dy't de skriuwster oernaam fan 'e [[Hollywood]]-[[spylfilm]] ''[[Shakespeare in Love]]''), dy't behalven ''Winterfair Gifts'' ek de nau besibbe romans ''[[Komarr]]'' en ''[[A Civil Campaign]]'' omfet.