Sompe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 7:
Yn wêzen is de sompe in tuskenfaze yn de ûntwikkeling dy't yn stân hâlden wurdt troch bisten of minsken. By bisten moate wy tinke oan bygelyks de [[Eastfardersplassen]] yn [[Flevolân]]. Hjir hâlde [[guozzen]] harren eigen libbensgebiet yn stân troch it iten fan reid. As der in tiidlang lykwols neat bart, dan sil in sompe stadichoan ‘ferlânje’. It wurdt dan dus wer gewoan lân.
 
Oan de kust bestean ek sompen, de saneamde ‘tijsompen’. Dizzen binne meastal te finen by de mûnings fan rivieren en tusken [[sânbank|sânbanken]] tichtby de kust en it fêstelân. Se besteane út gebieten mei in protte [[sân (grûnsoarte)|sân]] of tinne [[klaai]]. De [[Tantramar Sompen]] yn East-[[Kanada]] binne hjir in foarbyld fan.
 
By in sompe fynt faak in ôfbraak proses plak fan deade planten en bisten. Dit proses produsearret gassen dy’t sompegassen hjitte. Dat gas kin troch sels-ûntflamming as [[dwaalljocht]], in ljochtblau ljocht, boppe in sompe sjoen wurde.