Kaart (kartografy): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Physical world.jpg|thumb|right|250px|In moderne wrâldkaart.]]
In '''kaart''' is in modellearre werjefte fan (in diel fan) it [[ierde|ierdoerflak]]. De [[tûke (betsjuttingssideûnderdiel)|tûke]] fan 'e [[wittenskip]] dy't him dwaande hâldt mei it meitsjen fan en it dwaan fan ûndersyk nei kaarten hjit de [[kartografy]]. Yn 'e regel sprekt men fan in '''lânkaart''', om't de measte kaarten drûch lân (mei [[oerflaktewetter|binnenwetters]]) ta ûnderwerp hawwe. Mar der besteane ek '''seekaart'''en of '''wetterkaart'''en, bgl. foar gebrûk troch de [[skipfeart]], en [[himelkaart]]en foar gebrûk yn 'e [[astronomy]]. In kaart fan in [[stêd]] of fan in noch lytser diel fan it ierdoerflak, lykas in [[tún]] of in [[gebou]], neamt men in '''plattegrûn'''. In [[boek]]wurk dêr't kaarten yn sammele binne, hjit in [[atlas (boek)|atlas]].
 
==Foarm==
Rigel 19:
Kaarten kinne yndield wurde yn twa soarten, op grûn fan wat derop ôfbylde is:
* [[topografyske kaart]]en: hjirop wurdt (in diel fan) de wrâld werjûn sa't dy der yn it echt ek útsjocht, mar dan yn sterk ferlytse foarm.
* [[tematyske kaart]]en: hjirop wurdt (in diel fan) de wrâld werjûn om in beskaat [[tema (ûnderwerp)|tema]] te yllustrearjen, bgl. de [[lân|steatkundige]] sitewaasje yn [[Jeropa]] yn 'e [[16e iuw]], de ferdieling fan 'e [[befolking]] fan 'e [[Feriene Steaten]] oer de ûnderskate dielen fan dat lân, of de trijedieling fan 'e ûndergrûn fan [[Fryslân]] yn [[klaai]], [[sân (grûnsoarte)|sân]] en [[fean]]grûn.
 
== Sjoch ek ==