Ferskil tusken ferzjes fan "Winnipegmar"

19 bytes grutter ,  6 moannen lyn
bs
(kt)
(bs)
 
De Winnipegmar hat in langwerpige foarm, wêrby't de beide úteinen rûchwei nei it noarden en suden wize. Op likernôch in trêdepart fan 'e súdlike útein ôf knypt it omlizzende lân it wetter gear ta in smelle trochgong, sadat de mar út in grutter noardlik en in lytser súdlik bekken bestiet. Dy smelle trochgong is net tafalligerwize ek mei-iens it djipste part fan 'e mar, dêr't de boaiem op 36 m ûnder it wetteroerflak leit. Op it langste punt mjit de mar 416 km; it breedste punt fan it noardlik bekken is 100 km, en dat fan it súdlik bekken is 40 km.
 
De Winnipegmar wetteret ôf fia de rivier de [[Nelson (rivier)|Nelson]], dy't útmûnet yn 'e [[Hudsonbaai]]. Der lizze withoefolle lytse eilantsjes yn 'e mar, wêrfan't de measten net yn kultuer brocht binne. De kust wurdt ôfwikseljend foarme troch [[sân (grûnsoarte)|sân]]ige [[strân|strannen]], begroeide wâlen en hege [[kalkstien]]nene [[klif]]fen, mei grotten dêr't [[flearmûs|flearmûzen]] yn tahâlde. De Winnipegmar is tige populêr by [[toerisme|toeristen]], dy't der oan [[wettersport]] dogge, en fierders boatsjefarre, swimme, angelje en jeie.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
14.048

bewurkings