Heuvel: ferskil tusken ferzjes

19 bytes grutter ,  2 jier lyn
bs
(kt)
(bs)
 
In '''heuvel''' as '''hichte''' is in ferhef yn it lân, dat hegernôch is om ûnderskaat te wurden fan in gloaiïng, mar leger as in [[berchtme|berch]]. Formeel is de grins tusken heuvels en bergen fêststeld by in top dy't 200 m boppe syn om-en-by útstekt; dêrboppe is it in berch, dêrûnder in heuvel.
 
Yn [[Nederlân]], dat gjin echte bergen hat, wurde heuvels al hiel gau bergen neamd, lykas de [[Faalserberch]] of de [[Sint-Pitersberch]], dat eins gewoan heuvels binne. De bekendste heuvels fan Nederlân binne sitewearre yn [[Súd-Limburch]], mar ek yn [[Gelderlân]] (de [[Hege Feluwe]]), [[Utert (provinsje)|Utert]] (de [[Uterter Heuvelrêch]]) en [[Oerisel]] (de [[Sallânske Heuvelrêch]]) komme se foar. De [[sân (grûnsoarte)|sân]]heuvels oan 'e [[Hollân]]ske kust en op 'e [[Waadeilannen]] en de [[Seelân|Siuwske Eilannen]] wurde [[dún|dunen]] neamd en oer it algemien net as echte heuvels beskôge, hoewol't se dat strikt nommen wol binne.
 
Heuvels kinne ûntstean troch útspieling fan heechlein lân troch [[rivier]]en, lykas yn Súd-Limburch, troch it skeinen fan wat oarspronklik plat lân wie, sa't yn 'e [[iistiid]] de [[gletsjer]]s dien hawwe yn Gelderlân, Utert en Oerisel, of troch [[sânferstowings]], lykas yn 'e dunen (en likegoed yn [[woastyn|woastinen]]). Fierders binne der ek noch troch [[minske]]n oanleine heuvels, lykas [[grêfheuvel]]s.
14.392

bewurkings