Kleastersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 20:
It Kleastersk wurdt omskreaun as "net sa sjongerich as it [[Frysk]], mar ek net sa hurd as it [[Grinslânsk]]." [[Westerlauwerske Friezen|Friezen]] beskôgje it as in foarm in Grinslânsk, wylst it [[Grinslanners]] it gauris foar Frysk oansjogge. De Kleasterske taalstriidster [[Wietske Poelman]] sei dêroer: "''We hem'n 'n soort identiteitscrisis. Allinnig ien Gerskeskloaster-Stroobos bin'n we thuus.''" [[Taalkunde|Taalkundich]] sjoen liket it Kleastersk lykwols tichter by it Grinslânsk as by it Frysk te stean.
 
It is ûndúdlik hoe't it Kleastersk yn it fan oarsprong [[Frysk]]talige Gerkeskleaster-Strobos belâne is. It is ferliedlik om 'e sitewaasje yn it twillingdoarp te ferlykjen mei dy yn [[Kollumerpomp]], in doarp yn 'e midden fan 'e oanbuorjende gemeente [[Kollumerlân]], dat ek in eigen Nedersaksysk oergongsdialekt hat, it [[Pompstersk]]. Ek kin in ferliking makke wurde mei it [[Kollumerlânsk]]e [[Westerkertiersk]] dat yn [[Warfstermûne]], [[Muntsjesyl]] en [[Boerum]], yn eastlik Kollumerlân, sprutsen wurdt. It ferskil is lykwols dat Kollumerpomp en eastlik Kollumerlân op [[polder|ynpoldere]] lân lizze dat eartiids ta de [[Lauwerssee]] hearde, wylst Gerkeskleaster-Strobos op [[sân (grûnsoarte)|sân]]grûn leit. Poelman: "''’t Kloasters is 'n vremd fenomeen. We bin'n echt 'n eiland hier. Je kin'n 't min verklaar'n.''"
 
==Hjoeddeiske sitewaasje==