Skaad: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L korr
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 10:
It [[eigen skaad]] is it skaad dat op it blokkearobjekt sels oanwêzich is, op 'e net beljochte, oftewol de beskade kant. By wize fan foarbyld kin men jin in [[peal]] foarstelle dy't yn it [[sinne]]ljocht stiet. Dêrby skynt de sinne op ien kant fan 'e peal, dy't dêrtroch ljocht is, wylst de oare kant dûnker(der) is om't de sinne dêr net op skynt. Dy dûnkerder kant fan 'e peal is it eigen skaad.
;slachskaad
In [[slachskaad]] is it skaad dat in objekt op in ûndergrûn of eftergrûn smyt. Hjirby smyt de fan ien kant troch de sinne beskynde peal bgl. in skaad op it [[sân (grûnsoarte)|sân]] dêr't er yn stiet of op in deunby boude [[muorre]]. Slachskaden ferskille sterk yn lingte, ôfhinklik fan 'e posysje fan 'e ljochtboarne. By de sinne is it bygelyks sa dat as er heech yn 'e [[loft]] stiet in objekt lykas de neamde peal op in stuit hielendal gjin slachskaad hat, om't de sinne der rjocht boppe stiet. (Dêrfoar is it wol nedich dat de peal yn 'e [[tropen]] stiet; yn [[Fryslân]] soe sa'n peal op [[21 juny]] om 'e [[middeisoere]] hinne noch altyd in slachskaad fan 53% fan 'e lingte fan 'e peal smite.) Wat leger oft de sinne komt te stean, wat langer oft it slachskaad wurdt dat de peal smyt.
[[File:Zonsverduistering.png|right|300px|thumb|Diagram fan in [[sinnefertsjustering]]. Z is de [[sinne]]; M is de [[moanne (byplaneet fan de Ierde)|moanne]]; A is de [[Ierde (planeet)|Ierde]]; it swarte flak is it kearnskaad; en de grize flakken binne de healskaadkegels.]]
;brutsen skaad