Utjouwerij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
lytse oanpassings
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
In '''útjouwerij''' is in organisaasje dy't de skeakel foarmet tusken de [[skriuwer]] en syn publyk, troch it útjaan fan boeken en tiidskriften. By útwreiding wurdt it begryp ek tapast op oare mediums, faak mei dat medium as foarheaksel, bygelyks ''Muzykútjouwerij''. Dejinge dy't it yn de organisaasje wat it útjaan oangiet foar it sizzen hat is in útjouwer. Trochdat yn it ferline, útjouwerijen faak ienmansbedriuwen wienen, wurdt ''útjouwer'' ek wol brûkt foar de organisaasje.
 
De útjouwerij begeliedt wêr't dat nedich is en/of op priis steld wurdt de skriuwer, of oare makker, en hat kontakten mei printers, ferkeapers ensafuorthinne. Nei ûnderlinge oerienstimming mei de makker jout de útjouwer it wurk út. Meastentiids wurdt de makker dan betelle neffens it tal ferkochte eksimplaren: it honorarium. De finansjele risiko's wurde op dy wize troch de útjouwer oernommen. By min rinnende útjeften krijt de makker minder betelle en hat de útjouwer mear skea, by better rinnende útjeften springe se der beide goed út. Ornaris kin allinnich by goed rinnende útjeften it honorarium heech genôch wurde om de oeren dy't de makker der yn stutsen hat goed te meitsjen. It komt ek foar dat útjouwer en makker yn 't foar in priis ôfprate dêr't it honorarium mei ôfkocht wurdt. Der binne net in soad minsken dy't mei har kreativiteit in goede deihier fertsjinje kinne.
Rigel 6:
 
As yn in boek of oare publikaasje stiet: 'útjûn yn eigen behear' of oare wurden fan dy strekking dan is dêr gjin útjouwer oan te pas kommen
 
[[Kategory:Utjouwerij]]