Antropology: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
'''Antropology''' is de stúdzje of lear fan de [[minske]]: oer alle minsken fan alle tiid en oer alle fasetten fan it minskdom. It sintrale konsept yn de antropology is [[kultuer]]. Oars sein: dat ús soarte de keunst ûntwikkele hat om ús wrâld yn [[symboal]]en te sjen en dat we dizze symboalen sosjaal oanleare en trochjaan kinne én dat we de wrâld (en ússels) op grûn fan dy symboalen feroarje kinne.
 
Antropology wurdt troch de [[American Anthropological Association]] (AAA) yn fjouwer gebieten ûnderferdield. Yn Noard-Amearika krije antropology studinten dan ek yn al dizze fjilden ûnderwiis, wylst yn [[Jeropa]] foar alle dielgebieten in aparte oplieding bestiet.
De dielgebieten binne.
#[[Biologyske antropology]] of [[antropobiology]], dy’t de minsk as biologysk organisme, it gedrach fan [[primaten]], minsklike evolúsje en befolkings [[genetika]] bestudearret.
#[[Linguïstyske antropology]], dy’t de fariaasje yn taal troch de tiid en romte bestudearret en ek it sosjale gebrûk fan taal en de relaasje tusken taal en kultuer.
#[[Argeology]], dy’t de materiële oerbliuwsels fan minsklike maatskippij bestudearret.
#[[Sosjale antropology]] of Kultuerele antropology is de wittenskip dy’t ûnder oaren it sosjale gedrach, de ekonomyske struktuer, en de ideology fan folken en befolkingsgroepen bestudearret.
 
Dêrneist binne dêr ek noch oare dielgebieten te ûnderskieden:
# [[Medyske antropology]], dy’t siekes en genêswizen yn ferskillende kultueren bestudearret.
# [[Politike antropology]]
# [[Ekonomyske antropology]]
# [[Wiisgearige antropology]]
# [[Krimonogyske antropology]], it ûntstean fan de minsk mei as ûnderwerp misdied.
# [[Religieuze antropology]], de ferhâlding tusken de minsk en it hegere.
# [[Maritime antropology]]
 
 
 
[[Kategory:Kultuer]]