Kim Winona: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 18:
Kim Winona waard yn [[1930]] [[berne]] yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Nebraska]], en wie fan komôf in [[Lakota (folk)|Lakota]]-[[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''). Hja [[jonkheid|groeide op]] yn it [[Rosebud Yndianereservaat]] yn [[Súd-Dakota]]. Doe't se 17 [[jier]] wie, ferfear se mei har [[âlden]] nei [[Spokane (Washington)|Spokane]], yn 'e steat [[Washington (steat)|Washington]], dêr't se Harvey, [[man (sekse)|man]] fan Yndiaansk komôf, mette mei wa't se [[troude]]. Mei him ferhuze Winona nei [[Los Angeles]], dêr't har man as [[drukker]] wurke en in eigen [[bedriuw]] opsette, wylst Winona sels in [[baan (wurk)|baan]] as [[siktaresse]] fûn by in [[kommersje]]el [[yllustrator]].
 
De [[klant]]en fan har baas, dêr't mannich in [[fotograaf]] ûnder wie, murken Winona har [[skientme]] op, mei as gefolch dat se al rillegau as [[model (berop)|model]] frege waard. In [[talintescout]] foar de [[film]]yndustry seach guon [[foto's]] fan har, en frege har daliks oft se net as [[aktrise]] wurkje woe. Koarte tiid letter waard se ôfwiisd foar in rol yn 'e [[film]] ''The Last Hunt'', mar oan har [[audysje]] hold se wol in moai putsje oer as model by de [[promoasje]] fan 'e film.
 
Yn [[1955]] wist se mei 25 jier de rol fan Morning Star te bemachtigjen, yn 'e [[western]]tillefyzjesearje ''Brave Eagle'', dy't útstjoerd waard troch de Amerikaanske [[tillefyzjestjoerder|stjoerder]] [[CBS]]. Morning Star wie in kreaze Yndiaanske [[frou]] dy't it oanlei mei it [[titelpersonaazje]] fan 'e [[tillefyzjesearje|searje]], spile troch akteur [[Keith Larsen]]. Winona ferfolle dizze rol yn it [[seizoen (omrop)|tillefyzjeseizoen]] [[1955]]-[[1956]]. De searje ''Brave Eagle'', in produksje fan [[Roy Rogers]], wie de earste Amerikaanske westernrige dy't de filme foarfallen út it eachpunt fan 'e [[Yndianen]] toande.
 
Winona koe dizze iere glânsrol neitiid nea wer belykje, en waard úteinlik [[learaar|tekenleararesse]]. Dêrnjonken wie se ek aktyf as [[keunstskilder]]esse en as [[byldhouwer (keunstner)|byldhouster]]. Ien fan har [[byldhouwurk]]en is te sjen yn it [[Carnegie Ynstitút]] yn [[Pittsburgh]]. Hja krige letter twa [[dochter]]s, Migan ([[1962]]) en Michelle ([[1973]]). Se stoar yn [[1978]], doe't se 47 jier wie, neffens de berjochten trochdat se [[selsmoard|harsels tekoart die]].
 
==Keppelings om utens==