Kim Winona: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 22:
Yn [[1955]] wist se mei 25 jier de rol fan Morning Star te bemachtigjen, yn 'e [[western]]tillefyzjesearje ''Brave Eagle'', dy't útstjoerd waard troch de Amerikaanske [[tillefyzjestjoerder|stjoerder]] CBS. Morning Star wie in kreaze Yndiaanske [[frou]] dy't it oanlei mei it [[titelpersonaazje]] fan 'e [[tillefyzjesearje|searje]], spile troch akteur [[Keith Larsen]]. Winona ferfolle dizze rol yn it [[seizoen (omrop)|tillefyzjeseizoen]] [[1955]]-[[1956]]. De searje ''Brave Eagle'', in produksje fan [[Roy Rogers]], wie de earste Amerikaanske westernrige dy't de filme foarfallen út it eachpunt fan 'e [[Yndianen]] toande.
 
Winona koe dizze iere glânsrol neitiid nea wer belykje, en waard úteinlik [[learaar|tekenleararesse]]. Dêrnjonken wie se ek aktyf as [[keunstskilder]]esse en as [[byldhouwer (keunstner)|byldhouster]]. Ien fan har [[byldhouwurk]]enbyldhouwurken is te sjen yn it [[Carnegie Ynstitút]] yn [[Pittsburgh]]. Hja krige letter twa [[dochter]]s, Migan ([[1962]]) en Michelle ([[1973]]). Se stoar yn [[1978]], doe't se 47 jier wie, neffens de berjochten trochdat se [[selsmoard|harsels tekoart die]].
 
==Keppelings om utens==