Jan van Rymsdyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
 
No edit summary
 
Rigel 1:
'''Jan van Rymsdyk''' (ek wol '''Rijmsdijck''', '''Riemsdyk''' en '''Remsdyke''') (om 1730 - om 1790) wie in [[Nederlân]]ske [[Keunstskilder|skilder]] en [[grafeur]].
{{wurk}}
'''Jan van Rymsdyk''' (ek wol '''Rijmsdijck''', '''Riemsdyk''' en '''Remsdyke''') (om 1730 - om 1790) wie in [[Nederlân]]ske skilder en [[grafeur]].
 
== Libben en wurk ==
Rymsdyk wie ein jierren 1740 aktyf yn [[De Haach]], mar wie tsjin 1750 yn [[Londen]]. Yn 1758 ferhuze er nei [[Bristol (Ingelân)|Bristol]] en wurke dêr as portretskilder; yn 1764 gie er werom nei Londen.
 
Yn 1767 makke Rymsdyk in mezzotintgravuere fan [[Freark Hindrik fan Oranje-Nassau|Frederik Hendrik]] en [[Amalia fan Solms]], prins en prinsesse fan Oranje, neffens in skilderij fan [[Jacob Jordaens]] yn Devonshire House. Rymsdyk syn fakmanskip brocht him wurk mei [[William Hunter (anatoom)|William Hunter]]; hy makke in tal gravueres foar Hunter syn ''Anatomia Humani Gravidi Uteri'' (1774). Yn 1778 publisearre er tegearre mei syn soan Andreas in rige platen fan antikiteiten en kuriositeiten yn it [[Britsk Museum]], ''Museum Britannicum'' (twadde, fannijs besjoene edysje 1791).
 
Syn soan, Andreas van Rymsdyk, behelle yn 1767 in medalje oan de ''Society of Arts'' en stalde yn 1778 twa emaljearringen út oan de Royal Academy. Hy assistearre syn heit by dy syn wurk en stoar yn 1786 yn [[Bath (Ingelân)|Bath]].
 
<gallery widths="180" heights="180">
Ofbyld:Pregnancy by Jan van Riemsdyk and William Hunter.jpg|Plaat VI fan ''The Anatomy of the Human Gravid Uterus'' (1774) fan [[William Hunter (anatoom)|William Hunter]], gravearre troch Jan van Rymsdyk
Ofbyld:William Barrett.jpg|Portret fan William Barrett (1733–1789), sjirurch en samler fan antikiteiten
</gallery>
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
* Foar boarnen, noaten en referinsjes sjoch: [[:en:Jan van Rymsdyk]]
}}
 
{{commonscat}}
Line 9 ⟶ 22:
[[Kategory:Nederlânsk grafikus]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1730]]
[[Kategory:Persoan staornstoarn yn 1790]]