Jouke Annes Bakker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 26:
 
==Libben en karriêre==
Bakker wie de [[soan]] fan [[boere-arbeider]] Anne Joukes Bakker ([[1846]]-[[1937]]) en dy syn [[oarehelte|frou Tetje de Swart]] ([[1850]]-[[1931]]). Hy groeide op yn [[Menaam]], op it [[Fryslân|Fryske]] [[plattelân]], yn in [[húshâlding]] mei acht [[bern (persoan)|bern]] dy't it faak neat te rom hie. Bakker hie allinnich mar de [[legere skoalle]], mar wist him dochs oan syn [[earmoede|earmoedich]] [[komôf]] te ûnwrakseljen. Doe't er fjouwer jier wie, koed er al lêze, en hy koe mei acht jier al fan [[skoalle (ynstelling)|skoalle]]. Sadwaande kaam er al jong by de [[boer]] te wurkjen om jild te fertsjinjen. Doe't er wat âlder wie, gie er de [[hannel]] yn, wylst er safolle learde en lies as er koe. Dêrby spile syn lidmaatskip fan 'e Menamer kristlike jongelingsferiening in wichtige rol. Fierders waard er ek tige holpen troch [[dûmny]] [[H.W.M. Hupkes]], predikant te Menaam, dy't him oanfitere om him op te wurkjen.
 
Mei troch syn eftergrûn wie Bakker in sosjaal beflein man. Hy bejoech him yn 'e [[polityk]], en waard úteinlik as lid fan 'e [[CHU]] yn 'e [[Twadde Keamer]] keazen. It amt fan folksfertsjintwurdiger beklaaide er 27 jier lang, fan [[1918]] oant [[1945]]. Dêrnjonken siet er ek 36 jier yn 'e gemeenterie fan [[Menameradiel]] ([[1909]]-[[1941]]) en wurke er 25 jier lang mei oan it ferskinen fan it blêd ''De Banier'', letter ''Land en Volk''. Bakker hat ek in fearnsiuw oan 'e redaksje fan 'e ''Kristlik Histoaryske Nederlander'' meiwurke en hat jierren yn it haadbestjoer fan de ''Unie'' sitten.
Rigel 35:
Bakker wie ek behelle yn 'e [[skoalstriid]] yn Menaam (foar it rjocht op [[kristendom|kristlik]] [[ûnderwiis]]), oan it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]]. Neitiid skreau er dêr ûnder it [[pseudonym]] Jan Oukenes in ferslach yn [[roman]]foarm oer, dat er as titel meijoech ''Kerkelijke Strijd in Menaldum ±1880-±1917''. It giet benammen oer de yntratsjerklike rebûlje ûnder de Menamer herfoarmen tusken de frijsinnigen en de otterdoksen. It waard nei gedachten yn 'e jierren tweintich of tritich troch him skreaun en dêrby brûkte er [[skûlnamme]]n om alle neamde persoanen oan te tsjutten (wêrfan't de measten doe noch libben). It boekwurk waard nea útjûn, mar sirkulearret noch yn 'e Bakker-famylje. In omkesizzer fan Bakker, [[Jouke Klazes Bakker]], hat yn [[1985]] útsocht wa't der efter de brûkte pseudonimen beskûl giene.
 
Jouke Annes Bakker wie troud mei Stijntje Alberda ([[1873]]-[[1942]]), mei wa't er fjouwer bern hie, wêrûnder in [[mearling|twilling]], Jacob (Jappy) en Janke. [[Jacob Joukes Bakker]] brocht it letter ta [[boargemaster]], earst fan [[Sleat (stêd)|Sleat]] en dêrnei fan [[Bleiswyk]], yn [[Súd-Hollân]]. Jouke Bakker waard foar al syn krewearjen yn [[1927]] ûnderskaat as [[Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw]]. Hy kaam yn [[1956]] yn syn berteplak Menaam te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 83 jier. Nei syn dea waard yn Menaam de Jouke Bakkerstrjitte nei him ferneamd.
 
{{boarnen|boarnefernijing=