Hûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
Lebel: Trochferwizing wiske
nije side
Rigel 1:
[[File:Breelaan 112, Bergen 02.jpg|right|thumb|250px|In hûs.]]
{{Wurk}}
 
{{Oar|in gebou om yn te wenjen|hûs (betsjuttingsside)}}
In '''hûs''', '''wente''' of '''wenning''' is in [[gebou]] of in diel fan in gebou dat bedoeld is om [[minske]]n yn [[wenjen|wenje]] te litten. It biedt beskerming tsjin [[waar]] en eventuele binnenkringende minsken en [[bisten]], en kin ornaris nei eigen [[smaak (estetyk)|smaak]] ynrjochte wurde. Huzen besteane út ferskate romten, wêrfan't de grutteren [[keamer]]s neamd wurde. Bewenners brûke huzen fan âlds benammen om yn te [[sliep]]en, te [[iten]] en [[drinken]] en [[frije tiid]] troch te bringen. In hûs kin it eigendom wêze fan 'e bewenner of oars kin it [[hieren|hierd]] wurde. Der besteane in protte ferskillende soarten huzen, en huzen kinne ek fan in protte ferskillende soarten materialen boud wurde. Ek as men gjin [[húsdier]]en hat, dielt men jins hûs yn frijwol alle gefallen mei beskate bisten.
 
==Funksje==
In hûs kin omskreaun wurde as in [[gebou]] of diel fan in gebou mei [[muorre]]n om in binnenromte en in [[dak]] deroerhinne. Yn earste ynstânsje is in hûs bedoeld om 'e bewenner(s) ûnderdak te bieden, en dêrmei beskerming te jaan tsjin [[waar]]sferskynsels as [[rein (delslach)|rein]] en oare soarten [[delslach (waar)|delslach]] en teffens [[wyn (waar)|wyn]] en [[kjeld]] of krekt [[sinne]]skyn en tefolle [[waarmte]]. De muorren binne behalven om it waar bûtendoar te hâlden, ek bedoeld om ynkringers te warjen, oft dat no oare minsken of [[fauna|wylde bisten]] binne. It ynkringen yn in hûs dêr't men net heart te wêzen, hjit [[ynbraak]] (wat in [[misdriuw]] is). In [[persoan]] dy't dat docht is in [[ynbrekker]].
[[File:Batak_Toba_House.jpg|left|thumb|250px|In tradisjoneel, [[hout]]en hûs fan 'e [[Batak (folk)|Batak]], in [[folk]] op [[Sumatra]].]]
 
Huzen wurde troch de bewenners fan âlds benammen brûkt om yn te [[sliep]]en, te [[iten]] en [[drinken]] en [[frije tiid]] troch te bringen. [[Wurk]]jen die men foarhinne altyd earne oars, op in hiele oare lokaasje of yn in apart gebou by it hûs, lykas in [[wurkplak]], of in oar diel fan it gebou dêr't it hûs ek diel fan útmakke, lykas de [[skuorre]] of it [[bûthús]] fan in [[pleats]]. Tsjintwurdich is [[thúswurkjen]], yn [[berop]]pen dêr't men thús mei de [[kompjûter]] frijwol itselde dwaan kin as op it wurk, hiel gewoan.
 
==Yndieling==
In hûs hat teminsten ien yngong, ornaris yn 'e foarm fan in [[doar]]. By guon âlde en tige swide wenten is dat ynstee in [[poarte]]. De doar sit yn 'e regel yn ien fan 'e bûtenmuorren, mar by tradisjonele wenten fan beskate [[Yndianen|Yndiaanske]] [[folk]]en fan it [[Amerikaanske Súdwesten]] sit er yn wat wy it dak neame soene, en is er inkeld mei [[ljedder]]s tagonklik. Yn 'e [[Westerske wrâld]] hawwe huzen ornaris teminsten twa doarren: de [[foardoar]] en de [[efterdoar]]. De foardoar is de haadyngong.
 
Fan binnen is in normaal Westersk hûs almeast ferdield yn ferskate romten of [[fertrek]]ken. De grutteren fan dy romten wurde [[keamer]]s neamd, wylst guon lytseren inkeld tsjinje foar it berikken fan oare romten, lykas de [[hal (romte)|hal]], in [[gong (romte)|gong]] of de [[oerrin (romte)|oerrin]]. De hal, dy't fuort efter de foardoar leit, hat as bykommende funksje om as [[siichportaal]] te tsjinjen tsjin [[siging]] fan bûtenôf. Yn 'e [[Feriene Steaten]] en oare [[Ingelsk|Angelsaksyske lannen]] hawwe huzen faak gjin hal, mar jout de foardoar streekrjocht tagong ta de wenkeamer.
[[File:Prefabricated_house_construction.ogv|right|thumb|250px|De konstruksje fan in [[prefabwente]].]]
 
De wichtichste keamers fan in hûs binne de [[wenkeamer]], dêr't de measte aktiviteiten plakfine (it 'wenjen'), de [[koken]], dêr't men it [[iten]] en [[drinken]] klearmakket en faak ek opyt en opdrinkt, en de [[sliepkeamer]], dêr't men [[nacht]]s [[sliep]]t. Yn âldere huzen is de funksje fan 'e wenkeamer faak opdield oer in [[sitkeamer]] en in [[ytkeamer]] (of dinerkeamer). Yn moderne huzen, mei in saneamde iepen layout, foarmje dêrfoaroer de wenkeamer en de koken faak ien grutte romte, wêrby't de skieding dan gauris foarme wurdt troch in [[bar (tooch)|bar]]. De measte huzen hawwe ferskate sliepkeamers, dy't yn 'e regel op 'e [[ferdjipping|boppeferdjipping]] te finen binne. It komt in protte foar dat ien fan 'e sliepkeamers as [[studearkeamer]] of wurkkeamer tsjinnet. [[Lúkse|Lúksere]] wenten hawwe op 'e ûnderferdjipping in aparte studearkeamer of sels in [[bibleteek]]. De boppeferdjipping is berikber fia in [[trep]]. Boppe-oan 'e trep jout de oerrin tagong ta de doarren fan 'e ferskillende sliepkeamers en almeast ek ta in [[badkeamer]], dêr't de bewenners har [[waskjen|waskje]] kinne.
 
In ûnmisber fertrek yn in hûs is it [[húske]], dêr't men [[urine|pisje]] en jin [[trochgong|ûntlêstgje]] kin. Faak binne der yn ien hûs ferskillende húskes. In faak foarkommende yndieling is ien húske deunby de foardoar, tagonklik fanút de hal, en noch ien dat ûnderdiel útmakket fan 'e badkeamer, op 'e boppeferdjipping. De gewoante om húskes yn 'e hûs ûnder te bringen, bestiet noch mar frij koart. Oant de midden fan 'e [[tweintichste iuw]] wie in 'húske' (dêrfandinne de namme) in frijsteand miny-gebouke op it [[hiem]] fan in hûs.
[[File:Archeon_House_Middle_Ages.jpg|left|thumb|250px|Rekonstruksje fan in [[Midsiuwen|Midsiuwsk]] [[hout]]en hûs yn it [[Archeon]].]]
 
De measte moderne huzen omfetsje fierders in [[bykoken]] of puoskoken, dêr't û.m. de [[wask]] dien wurde kin (mei in [[waskmasine]]), en dêr't faak ek de [[sintrale-ferwaarmingstsjettel]] hinget.. In [[souder]] of [[fliering]] is in ekstra boppeferdjipping boppe de boppeferdjipping, dy't faak brûkt wurdt foar [[opslach]] of as ekstra sliepkeamer. Aldere huzen hawwe ek faak noch in [[kelder]], in romte ûnder de [[begeane grûn]], dy't ek almeast foar opslach tsjinnet. As der in [[garaazje (berging)|garaazje]] is, dêr't de bewenner syn [[auto]], [[fyts]]en en [[ark en reau]] opbergje kin, is dy faak út it hûs wei streekrjocht tagonklik fia in doar, almeast út 'e bykoken wei. De grûn dy't wol by it hûs heart, mar dy't bûten de muorren leit, hjit it [[hiem]]. Dat bestiet meastal út in [[tún]], mei in [[oprit]] nei de garaazje, as dy der is. As der oan 'e sydkant fan it hûs gjin hiem is, kin de tún opdield wêze yn in (faak lytsige) [[foartún]] foarhûs en in (ornaris gruttere) [[eftertún]] efterhûs.
 
Yn [[Nederlân]] binne fia it [[Boubeslút]] alderhanne easken oan in hûs steld. Sa moat it húske út 'e wenkeamer wei fia twa doarren berikt wurde. Ek moat de doar dy't streekrjocht út 'e hûs wei tagong jout ta de garaazje in [[brânwarrende doar]] wêze dy't net yn 'e koken útkomme mei.
[[File:Ostdorf17026.jpg|right|thumb|250px|De [[nêst]]en fan in [[wytgatswel]]tsjes ûnder de [[daksgoate]].]]
 
==Bewenning==
De measte huzen binne bedoeld foar mear as ien bewenner. Dêrom is der yn 'e regel ek mear as ien sliepkeamer. Huzen wurde almeast boud mei in [[gesin]] op it each, besteande út [[âldelju]] mei ien of mear [[bern (persoan)|bern]]. Hieltyd faker komt it lykwols foar dat in hûs bewenne wurdt troch in [[allinnichsteande]]. In [[frou]] fan in [[troud pear]] of in [[gearwenjen]]d stel dy't sels gjin betelle wurk hat, mar foar de bern soarget en de [[húshâlding (wurk)|húshâlding]] docht, wurdt in [[húsfrou]] neamd. In [[man (sekse)|man]] dy't dat docht, is in [[húsman]].
 
Behalven [[minsklik]]e bewenners hat in hûs hast altyd ek [[dier]]like bewenners. Dêrby kin it gean om 'e [[húsdier]]en fan 'e bewenners, lykas [[hûn]]en, [[kat]]ten, [[goudfisk]]en, [[kavia|kavia's]], [[goudhamster|hamsters]], [[kanaarje]]s, [[fret|fretten]], ensfh. Bisten dy't yn frijwol alle huzen foarkomme, ek as der gjin húsdieren wenje, binne lykwols [[hûsspin]]nen, [[gewoane langpoatspin|langpoatspinnen]], [[tûzenpoaten]], [[miljoenpoaten]], [[hûsstofmyt|hûsstofmiten]] (miljoenen per wente), [[gewoane stienkrob|stienkrobben]], [[gewoane earkrûper|earkrûpers]], [[kakkerlakken]], [[boekfiskje]]s en oar wrimelt dat ornaris troch minsken oantsjut wurdt as [[ûngedierte]]. Soms kinne der, fral yn âldere huzen, ek [[hûsmûs|mûzen]] sitte, of sels [[brune rôt|rotten]]. As der hûnen of katten binne, kin men der fan op oan dat der ek [[flieën]] wêze sille. Foarhinne kamen ek [[houtwjirm]]s en [[boekewjirm]]s foar, mar dy binne ferdwûn mei de yntroduksje fan 'e [[sintrale ferwaarming]]. [[Wytgatswel]]tsjes [[nêst (fûgels)|nêstelje]] gauris ûnder de [[daksgoate]], en [[mosk]]en nêstelen foarhinne (doe't se dêr noch komme koene) faak ûnder de [[dakpanne]]n.
 
==Keap en hier==
Guon huzen, de saneamde [[keapwente]]n, binne it besit fan 'e bewenner. Men kin lykwols ek tsjin [[jild|betelling]] yn in hûs wenje dat it eigendom is fan in oar. Dan sprekt men fan in [[hierwente]]. De [[hieren|hier]] is it bedrach dat de bewenner, de hierder, yn dat gefal ienris yn 'e [[moanne (tiid)|moanne]] oermeitsje moat nei de eigner fan it hûs, de ferhierder. Op 'e lange doer kostet it hieren fan in hûs mear as it keapjen fan in hûs, mar foar lju dy't gjin heech [[ynkommen]] hawwe, is it makliker op te bringen. Ek foar lju dy't gauris [[ferhúzjen|ferhúzje]] is it handiger. In neidiel is dat hierders gjin eigen baas binne oer har eigen hûs. De ferhierder kin in [[wenningkorporaasje]] wêze, dy't sûnder ynspraak fan 'e bewenners ta [[renovaasje]] of sels ôfbraak beslute kin, of in [[húskesmelker]], dy't neat oan [[ûnderhâld]] docht, mar de hierders safolle mooglik betelje litte wol.
 
In protte lju dy't in keapwente keapje, hawwe dêr sels net genôch jild foar en moatte by in [[bank (finansjele ynstelling)|bank]] in langrinnende [[liening]] ôfslute dy't in [[hypoteek]] neamd wurdt. It foardiel fan keapjen is dat it hûs jins eigendom is en dat men der mei dwaan kin wat men wol. Neidiel is dat men sels it [[ûnderhâld]] betelje moat, dat op [[jier]]basis al gau yn 'e tûzenen [[euro's]] rint. Guon lju [[kreak]]je in wente ynstee fan him te keapjen of te hieren. Sokke [[kreaker]]s kringe yllegaal in leechsteand hûs yn en sette har der nei wenjen sûnder har wat oan 'e [[wet]] gelegen lizze te litten.
[[File:A crop of houses - geograph.org.uk - 1570533.jpg|right|thumb|250px|In [[twa-ûnder-ien-kapwente]].]]
[[File:Agnetapark_delft.jpg|right|thumb|250px|[[Rychjeshûs|Rychjeshuzen]].]]
[[File:Hoekwoning.jpg|right|thumb|250px|In [[hoekhûs]].]]
[[File:Stadsbungalo 026.jpg|thumb|250px|right|In [[bungalow]].]]
 
==Ferfraaiïng==
Yn 'e Westerske wrâld besteegje minsken faak in protte [[tiid]] en [[jild]] oan it ferfraaien fan harren hûs. Net inkeld wurdt it ornaris nei eigen [[smaak (estetyk)|smaak]] ynrjochte en goed [[himmeljen|skjinholden]], mar ek wurdt it gauris ferboud. By sa'n [[ferbouwing]] wurdt dan meastal in diel fan it hûs feroare of fernijd, lykas de koken of de badkeamer. Wat men ek faak sjocht, is dat der in [[kajút (hûs)|kajút]] op it dak boud wurdt om mear [[ljocht]] en fral romte yn ien of mear sliepkeamers te bringen, of dat der, almeast yn 'e eftertún, in útbou oan it hûs makke wurdt, bgl. yn 'e foarm fan in [[serre]].
 
==Soarten huzen==
Der besteane trije soarten huzen as men sjocht nei [[horizontale]] bebouwing:
*frijsteand hûs (iepen bebouwing): in allinnichsteande wente mei oan alle omkanten romte.
*[[twa-ûnder-ien-kapwente]] (healiepen bebouwing): in hûs dat oan ien fan 'e sydkanten oan ien oar hûs fêstboud is, dêr't it it dak mei dielt.
*[[rychjeshûs]] (sletten bebouwing): in hûs dat diel útmakket fan in hiele rige huzen dy't oan 'e sydkanten oaninoar boud binne. De huzen dy't oan 'e beide úteinen fan 'e rige steane, hjitte dan it [[hoekhûs]].
Der besteane ek ferskillende soarten huzen as men sjocht nei [[fertikale]] bebouwing:
*ûnderwente: in wente op 'e [[begeane grûn]] fan in gebou dêr't mear wenten diel fan útmeitsje.
*[[boppewente]]: in wente op in hegere [[ferdjipping]] fan in gebou dêr't mear wenten diel fan útmeitsje. Sa'n hûs hat gauris wol in ôfsûnderlike yngong.
*[[appartemint]]: in wente dy't mar ien wenlaach hat en diel útmakket fan in [[flatgebou]] of appartemintekompleks mei in grut tal ferdjippings.
*[[mêsonette]]: in wente dy't mear as ien wenlaach hat (ornaris twa) en diel útmakket fan in flatgebou of appartemintekompleks mei in grut tal ferdjippings.
Ferdield nei bewenning ûnderskiedt men:
*[[iengesinswente]]: in hûs dat bedoeld is om troch in [[gesin]] bewenne te wurden.
*[[studinteflat]]: in appartemint besteande út ien faak frij lytse keamer, bedoeld om bewenne te wurden troch in [[studint]]. It makket diel út fan in ornaris grut flatgebou, wêrby't in stikmannich fan sokke studinteflats ien mienskiplike koken en in mienskiplike [[wc]]- en [[dûs]]romte diele. Fan 'e kokens binne der faak twa per ferdjipping, oan wjerskanten fan it [[treppehûs]] ien.
*appartemint yn in [[fersoargingstehûs]]: lju [[op jierren]] en minsken mei in [[geastlike beheining]] of in slimme [[lichaamlike beheining]] wenje faak yn in eigen appartemint dat diel útmakket fan in grutter kompleks fan sokke apparteminten dêr't fersoarging beskikber is. Dêr binne ek mienskiplike romtes om mei-inoar te iten en te [[rekreaasje|rekreëarjen]].
Oare soarten huzen binne:
*[[bungalow]]: in hûs wêrfan't alle fertrekken har op 'e ûnderferdjipping befine, en dat gjin boppeferdjipping hat útsein eventueel in lege flierring dêr't men net rjochtop stean kin en dy't inkeld gaadlik is foar opslach.
**[[fakânsjehúske]]: in bungalow dy't bedoeld is om foar koarte tiid hierd te wurden troch [[fakânsje]]gongers.
*[[filla]]: in grut, [[lúkse]], frijsteand hûs foar lju út 'e [[rykdom|rikere]] [[maatskiplike klasse]]n, faak mei in grut hiem.
**[[hearehûs]]: in grutte, romme, yn 'e regel âldere filla mei ferskate ferjippings, mear fertrekken as de measte huzen en hege [[plafon]]s.
***[[lânhûs]]: in hearehûs op it [[plattelân]], faak mei in protte [[bygebou]]wen, dat it mulpunt fan in [[lângoed]] foarmet.
*[[huzinge]]: it wendiel fan in [[pleats]].
*[[paleis]]: in tige grutte en tige lúkse filla dy't bewenne wurdt troch leden fan in [[kening|keninklik hûs]] of oare lju fan [[adel|heechaadlik]] [[komôf]].
*[[trochskynwente]]: in hûs mei in wenkeamer dy't sawol oan 'e foar- as de efter[[gevel]] grinzget, en dêr't de [[sinne]] sadwaande fan 'e iene nei de oare kant trochhinne skine kin.
 
==Boumateriaal==
Fan 'e [[prehistoarje]] oant fier yn 'e [[Midsiuwen]] bouden in protte minsken harren huzen fan [[liem]] dat se smaarden op [[frisseljen|ferfrissele]] tinne [[tûke (beam)|tûken]], dy't teannen neamd waarden. Letter waarden der folslein [[hout]]ene huzen fan seage [[planke]]n boud, dy't tige [[brân]]gefaarlik wiene. Noch wer letter waarden huzen boud fan [[natoerstien]] of [[bakstien]]. Yn [[earmoede|earmere]] kriten, benammen [[heechfean]]- en [[heide]]gebieten, wennen lju lykwols oant yn 'e iere [[tweintichste iuw]] yn [[spithutte]]n, dy't heal ûnder de grûn boud wiene en mei [[sjêde]]n beklaaid waarden.
[[File:Kaborno_33.jpg|left|thumb|250px|In tradisjoneel [[hout]]en hûs yn [[Poalen]].]]
 
Hjoed oan 'e dei wurdt by de [[bousektor|bou]] fan huzen faak [[beton]] brûkt. Yn noardlik Nederlân, dêr't in protte sodzige grûn foarkomt, wurdt lykwols ek no noch in protte oan [[houtskeletbou]] dien. Dêrby wurde alle binnenmuorren en [[flier]]ren fan houten [[balke]]n makke mei tuskenromten fol [[isolaasjemateriaal]], dy't beklaaid wurde mei [[gipsplaat|gipsplaten]] (muorren) of [[spaanplaat|spaanplaten]] (flierren). Inkeld de bûtenmuorren binne by houtskeletbou fan bakstien. De reden dêrfoar is om't der oars in folle draachkrêftiger [[fûnemint]] oanlein wurde moat. It neidiel fan houtskeletbou is lykwols dat de hichte fan bouwen beheind is.
 
By [[heechbou]] moat wol fan beton gebrûk makke wurde om 'e stabiliteit fan it bouwurk te garandearjen. As it om hiele hege gebouwen giet, is beton lykwols wer te swier, en wurdt der benammen gebrûk makke fan [[stiel]]ene balken. Gebrûk fan beton of stiel fereasket in in goed fûnemint. Op sloppe (fean)grûn moatte dêrfoar benammen yn westlik Nederlân lange houtene of betonnene [[heipeal]]len slein wurde oant se in stevige [[sân]]laach berikke.
 
Tsjintwurdich wurde almar mear huzen yn [[fabriken]] prefabrisearre, sadat op it plak fan 'e bou hiele muorren yn ien kear mei [[hyskraan|hyskranen]] te plak set wurde kinne. Sokke huzen wurde [[prefabwente]]n neamd.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/House ''References'', op dizze side].
----
{{commonscat|Houses}}
}}
 
{{DEFAULTSORT:Hus}}