Koraalsee-eilannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bss
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 25:
 
==Geografy==
Hoewol't it Koraalsee-eilanneterritoarium in oerflak hat likernôch 780.000 km², bestiet mar 10 km² dêrfan út lân. It gebiet strekt him út yn 'e [[Koraalsee]], noardeastlik fan it [[Grutte Barriêrerif]], foar de kust fan 'e Australyske steat [[Queenslân]], dat sels net ta it territoarium heart. Der binne likernôch 30 ûnderskate [[rif (ûndjipte)|rif]]fen en [[atol]]len yn 'e [[eilannegroep]], wêrfan't 12 der by [[heech tij]] alhiel ûnder strûpe, wylst 18 oaren ien of mear stikjes drûch lân hawwe. Dy achttjin atollen omfiemje mei-inoar yn totaal 51 [[eilân|eilantsjes]], wêrfan't guon in foarm fan begroeiïng hawwe, wylst oaren folslein keal binne.
 
De atollen ferskille tige yn grutte, want wylst guon mar in pear km yn trochsneed binne, heart ek it op ien nei grutste atol fan 'e wrâld ta de groep, [[Lihou Rif]], dat 100 by 30 km mjit en in oerflak hat fan 2.500 km² (de [[lagune]] ynbegrepen). Fan 'e 51 eilantsjes yn it territoarium hearre der 18 ta Lihou Rif. De measte atollen kinne opdield wurde yn twa groepen: in gruttere noardwestlike groep, mei û.o. [[Osprey Rif]], [[Willis (eilân)|Willis]] en Lihou Rif, en in behindiger súdeastlike groep, mei û.o. [[Fredericks Rif]] en [[Cato Rif]]. Trije atollen falle bûten dy groepen: [[Mellish Rif]], dat fier nei it noardeasten leit en dêrmei it fierst fan 'e Australyske kust ôf, en [[Middleton Rif]] en [[Elizabeth Rif]], dy't tegearre mear as 800 km nei it suden lizze, en feitliks in lytse eksklave fan it Koraalsee-eilanneterritoarium yn 'e noardlike [[Tasmansee]] foarmje. Dy beide riffen lizze folle tichter by it eilân [[Lord Howe (eilân)|Lord Howe]], dat ta [[Nij-Súd-Wales]] heart (en likernôch 150 km nei it suden leit), as by de rest fan it territoarium.