Netteldieren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 47:
 
De libbenssyklus fan netteldieren bestiet út twa stadia: in [[polyp (netteldier)|polypstadium]] en in [[kwabben|medusa]]stadium. Yn it polypstadium sit it netteldier yn 'e regel fêst oan 'e ûndergrûn mei de mûle en tentakels nei boppen ta, wylst it him yn it medusastadium op 'e streaming fan 'e [[see]] fuortdriuwe lit mei de mûle en tentakels nei ûnderen ta. By [[koralen]] en [[see-anemoanen]] is it polypstadium it wichtichst en is it medusastadium de [[larve|larvale foarm]]. By [[kwabben]] is it krekt oarsom. By netteldieren komt sawol [[geslachtlike fuortplanting|geslachtlike]] as [[ûngeslachtlike fuortplanting]] foar. Alle bekende netteldieren kinne har frij ienfâldich ûngeslachtlik fuortplantsje; foar geslachtlike fuortplanting binne se ornaris in yngewikkelde libbenssyklus mei de beide beskreaune stadia nedich en dêropta noch ynfloeden fan bûtenôf, lykas in beskate faze fan 'e [[moanne (himellichem)|moanne]] of de spesifike ljochtfal fan 'e [[moarnsdage]].
[[File:Cladocora.jpg|thumb|right|200px|It [[fossyl|fosile]] [[koraal (soölogy)|koraal]] ''Cladocora'', út it [[Plioseen]] fan [[Syprus]].]]
 
==Untwikkeling==