Alley Baggett: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 15:
| webside = [http://www.alleybaggett.net/ www.alleybagget.net]
}}
'''Alley Baggett''' ([[Houston]], [[14 july]] [[1973]]) is in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] rêstend [[neakenmodel]], [[glamourmodel]], [[presintatrise]] en [[aktrise]], dy't yn [[1995]] bekendheid krige as ''[[Playboy (tydskrift)|Playboy]]''-model. Hja hat ek wol wurke ûnder de namme Alma Baggett. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 48 kg en kupmaat 34DD, dêr't se oan kommen is troch in [[boarstfergrutting]]soperaasje te ûndergean.
 
==Libben en karriêre==
Baggett waard yn [[1973]] berne yn [[Houston]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Teksas]] as de âldste fan trije bern yn it gesin fan har âlden (hja hat twa jongere bruorren). Op 'e [[middelskoalle]] siet se op [[dûns]]jen, en op 'e [[middelbere skoalle]] wie se lid fan it [[cheerleader]]stiim en it [[basketbal]]tiim, en die se ek oan [[atletyk|hurddraven]]. Har ambysje wie om [[fotomodel]] en [[mannekên]] te wurden, mar dêrfoar waard se ôfwiisd om't se sa koart is (1.57 m). Yn [[1991]], doe't se achttjin jier wie, sette Baggett sadwaande útein mei in karriêre as [[glamourmodel|glamour]]- en [[neakenmodel]].
 
Nei't se har [[boarsten]] [[boarstfergrutting|fergrutsje litten]] hie, briek se yn [[maaie]] [[1995]] troch, doe't se op 'e omslach fan it ''Playboy's Book of Lingerie'' stie. Neitiid soe se noch op 'e omslach tepronk stean fan mear as tolve oare ''[[Playboy]]''-specials. Ek posearre se foar guon [[Grut-Brittanje|Britske]] [[neakenblêd]]en, lykas ''[[FHM]]'' en ''[[Loaded]]'', en wie se te sjen yn 'e ''Playboy''-fideo ''Playboy's Girls of Hooters'' ([[1994]]). Yn [[2005]] hold Baggett op mei har modellewurk, wêrnei't hja har konsintrearre op it behear fan har [[webside]].
 
Njonken har karriêre as neakenmodel wurke Baggett ek as [[presintatrise]] op 'e Amerikaanske [[tillefyzje]], te witten foar it [[Amerikaansk wrakseljen|wraksel]]programma ''WWF Sunday Night Heat'', en fan [[1996]] oant [[1998]] foar de programma ''Entertainment Tonight''. Fierders wurke hja mei oan 'e show ''Sin City Spectacular'' ([[1999]]), fan it [[gûchelder]]sduo [[Penn en Teller]], en hie se in gastrol yn 'e [[komeedzje]]searje ''Unhappily Ever After'', en in [[kameo]]roltsje yn 'e film ''Private Parts'' ([[1997]]), fan [[Howard Sterns]]. Teffens trede se op yn [[fideoklip]]s fan it nûmer ''Shake Your Bon-Bon'', fan [[Ricky Martin]], en ''Never Let You Go'', fan [[Third Eye Blind]]. Baggett wie fierders te gast yn ferskate [[praatprogramma|praatprogramma's]].