Nicolette Shea: ferskil tusken ferzjes

(nije side)
 
 
 
==Libben en karriêre==
Shea waard yn [[1986]] [[berne]] yn [[Las Vegas]], yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Nevada]]. Hja krige bekendheid as [[neakenmodel]] doe't hja yn [[oktober]] [[2011]] de ''Playboy Cyber Girl of the Month'' wie. Neitiid bleau Shea aktyf as neakenmodel en posearre se noch ferskate kearen foar de ''[[Playboy (tydskrift)|Playboy]]'' en foar oare [[neakenblêd]]en. Nei ferrin fan tiid begûn se ek as [[stripper]] te wurkjen, wêrby't se as ''[[feature dancer]]'' foar optredens by [[stripklub]]s yn 'e hiele [[Feriene Steaten]] lâns reizget.
 
Op 'e [[tillefyzje]] wurke Shea mei oan 'e [[tillefyzjesearje|searje]] ''Playboy Plus' Pretty in Pink Vol. 2'', op 'e [[tillefyzjestjoerder|stjoerder]] [[Playboy TV]]. Yn [[2017]] makke se de oerstap nei de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[porno]]yndustry, dêr't se in [[seks]][[sêne]] die yn 'e [[pornofilm|film]] ''Flixxx: Angela and Nicolette Get Wet'', fan 'e [[filmstudio|studio]] [[Digital Playground]]. Letter datselde jiers spile se mei [[pornoakteur]] [[Keiran Lee]] yn 'e film ''Don't Bring Your Sister Around Me'', fan it [[Brazzers Network]].
14.392

bewurkings