Elía: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 25:
Tsjin 'e njoggende iuw f.Kr., de tiid dat Elía libbe hawwe moat (as er wier bestien hat, wat frijwol alle saakkundigen oannime), wie it iere [[Keninkryk Israel]] dat de foarâlden fan 'e [[Joaden]] yn [[Palestina]] stifte hiene, útinoarfallen yn twa út en troch mei-inoar deilis reitsjende rykjes: yn it noarden it saneamde tsienstammeryk [[Keninkryk Israel|Israel]], en yn it suden it twastammeryk [[Keninkryk Juda|Juda]]. Fan dy beide hie Juda, mei as haadstêd [[Jeruzalim]], it âlde sintrum fan 'e [[jahwisme|jahwistyske]] [[religy]] yn besit beholden, wylst Israel sadwaande de nije haadstêd [[Samaría (stêd)|Samaría]] ta nij religieus sintrum makke hie.
 
Under dy omstannichheden wie it maklik foar de Israeliten om stikje by bytsje fierder ôf te reitsjen fan it jahwistyske leauwe (dêr't letter it [[joadendom]] sa't wy dat kenne, út fuortkomme soe), nammenste mear om't dat nei alle gedachten ûnder de mearderheid fan 'e befolking nea djip woartele west hie. Boppedat diene de keningen fan Israel alle war om 'e ynfloed te beheinen dy't it buorkeninkryk Juda ûnder de befolking hie troch de op Jeruzalim oriïntearre jahwistyske riten tsjin te gean. Sa bouden se in eigen jahwistyske timpel yn Samaría, dêr't se tsjin 'e [[Wet fan Mozes]] yn [[preester]]s beneamden dy't net ta de stamme fan 'e [[Leviten]] hearden. Ek moedigen se de ferearing fan [[Kanaänityske mytology|Kanaänityske]] goaden oan, lykas [[Baäl-Hadad]], de god fan 'e [[tonger (ûnwaar)|tonger]] en fruchtberens, en de [[memmegoadinn]] [[Asjeara]], de Frouwe fan 'e See.
[[File:Kingdoms_of_Israel_and_Judah_map_830.svg|left|thumb|220px|In kaart mei dêrop oanjûn de steatkundige sitewaasje yn [[Palestina]] yn 'e njoggende iuw f.Kr. It noardlike tsienstammeryk [[Keninkryk Israel|Israel]] is oanjûn yn blau en it súdlike twastammeryk [[Keninkryk Juda|Juda]] yn oranje.]]
 
Rigel 31:
 
===Yntroduksje fan Elía===
Tsjin dy eftergrûn wurdt yn [[1 Keningen|1 Ken.]] 17:1 de profeet Elía yntrodusearre as "''Elía de Tisbyt, út Tisbé yn Gileäd"''.<ref>''1 Keningen'' 17:1</ref> Gjin fierdere ynformaasje wurdt oer him jûn. Men spekulearret wol dat "Elía", in ferbastering fan 'e [[Hebriuwsk]]e namme ''Eliyahu'', dat betsjut "Myn God is Jahweh", eins gjin eigennamme mar in titel wie. It ferhaal giet troch mei te sizzen dat God Elía nei Achab ta stjoerd hie mei de warskôging dat God in rampsillige [[drûchte]] oer it lân bringe soe, as straf foar it feit dat Achab him net holden hie oan 'e Wet fan Mozes. Op befel fan God moat Elía no ûnderdûke om oan ferfolging troch de tsjinners fan Achab te ûntkommen. Hy hâldt him beskûl "''by de beek [[Krit (beek)|Krit]], dy't útkomt yn 'e [[Jordaan (rivier)|Jordaan]]."''<ref>''1 Keningen'' 17:3</ref> Dêr oerlibbet er troch út 'e beek te drinken, wylst God him brea en fleis bringe lit troch de [[raven]]s.
 
Dat lêste ferhaalelemint is kontroversjeel, mei't iten dat troch ravens brocht wurdt, dat ommers [[ies (kadaver)|ies]]iters binne, de measte minsken net oanstean soe. Boppedat binne ravens yn 'e joadske tradysje [[ûnrein]]e bisten. De Hebriuwske tekst brûkt op dit plak wurd עֹרְבִים, ''‘ōrvīm'', dat yndie "ravens" betsjut, mar om't it [[Hebriuwsk skrift|Hebriuwske skrift]] in [[konsonanteskrift]] is, waard dêrby oarspronklik net oanjûn hokker [[fokaal|fokalen]] oft tusken de [[konsonant]]en yn pleatst wurde moasten (de moderne fokalisaasje datearret fan folle letter). Mei in oare fokalisaasje soe dit wurd ek "Arabieren" betsjutte kinne. Dat yn alle bibeloersettings tsjintwurdich fan "ravens" sprutsen wurdt, komt troch de [[Septuaginta]], de gesachhawwende iere oersetting yn it [[Aldgryksk]]; om't dy it oangeande wurd oersette as ''κορακες'', "ravens", is dat neitiid troch alle oare fertalings oernommen. Lykwols binne in protte, sa net de measte, moderne bibelwittenskippers fan betinken dat der hjirre wierskynlik "Arabieren" bedoeld is, temear om't Elía letter iten kriget fan in oare útlanner, in Fenisyske frou.
 
===De Widdo fan Sarfat===
Rigel 46:
Hiele Israel wurdt oproppen om nei de berch [[Karmel (berch)|Karmel]] te kommen. Dêr nimt Elía it allinnich op tsjin 450 preesters fan Baäl-Hadad en 400 preesters fan Asjeara. Twa [[alter]]s wurde boud, ien foar Baäl en ien foar God. Der wurdt baarnhout op 'e alters lein en twa [[okse]]n wurde slachte en yn stikken houd, wêrnei't it fleis op it hout lein wurdt. Dêrnei daget Elía de preesters fan Baäl en Asjeara út om harren goaden te bidden om it offer te ûntstekken. Dy bidde dêrop fan moarnsier oant de middei, mar gjin himelfjoer komt. Elía begjint harren op in stuit de gek oan te stekken: "''Hy sei: Jimme moatte mei in machtich lûd roppe, want it is in god. Faaks is er yn gedachten of hy moat wat dwaan, of hy is op reis, miskien sliept er wol en moat er wekker wurde.''"<ref>''1 Keningen'' 18:27</ref> De preesters begjinne harsels dan mei [[swurd]]en en [[spear]]en sneden ta te bringen, om har eigen bloed by it fleisoffer te foegjen (ûnder de Wet fan Mozes wie sok skeinen fan it lichem strang ferbean). Hja sette harren bidden fuort oant de jûn, mar sûnder súkses.
 
Dan oarderet Elía dat it alter fan God trochdrinzge wurde moat mei wetter, en hy graaft der in fuorge omhinne dêr't it wetter yn stean bliuwt. Dêrnei bidt er God om it offer te akseptearjen, en daliks falt der fjoer út 'e himel dat it offerfleis, it wetter yn 'e fuorge en sels de stiennen fan it alter fertart. As it folk dat sjocht, bekeart it him ta it leauwe yn God. Elía jout dêrop befel om 'e preesters fan Baäl te gripen en mei te fieren nei de beek [[Kisjon (beek)|Kisjon]], om har dêr oan 'e lêste man ta ôf te slachtsjen. Neitiid bidt Elía op 'e berch Karmel oan God dat de drûchte no einigje mei, en oan trije kear ta stjoert er in feint om út te sjen oft har yn 'e fierte boppe see al [[rein (delslach)|rein]]wolkens foarmje. De trêde kears sjocht de feint "''in wolkje as in mannehân"''<ref>''1 Keningen'' 18:44</ref> út 'e see opkommen. Dêrop stjoert Elía him om Achab te warskôgjen dat er sjen moat en gean by de berch del, om't de stjalprein dat oars ûnmooglik meitsje sil. Krekt sa't er foarsein hat, begjint koarte tiid letter in stjalprein dy't in ein makket oan 'e drûchte en de hongersneed. ''"Mar oer Elía kaam de hân fan de Heare: hy die de mulriem om en hy fleach foar Achab út oan it plak ta, dêr't se ôfslane nei Jizreël."''<ref>''1 Keningen'' 18:46</ref>
 
===Elía op 'e Hoareb===
Rigel 66:
 
===Himelfeart===
Yn ''2 Keningen'' 2 wurdt ferteld hoe't Elía neitiid yn it selskip fan syn learling en opfolger [[Eliza (profeet)|Eliza]] nei de [[Jordaan (rivier)|Jordaan]] ta giet. Dêr rôlet er syn mantel op en slacht dermei op it wetter. It wetter spjaltet him dan, sadat de Elía en Eliza drûch oerstekke kinne. Oare kant de rivier ferskynt ynienen in [[striidwein]] fan fjoer dy't lutsen wurdt troch [[hynder]]s fan fjoer; ''"dy makke skieding tusken har beiden. Sa fear Elía yn in stoarm op nei de himel."''<ref>''2 Keningen'' 2:11</ref> Elía syn mantel is op 'e grûn fallen, en Eliza pakt dy op, giet werom en slacht dermei op it wetter, en dan spjaltet de rivier him ek foar him.
 
===Brief oan Joaram===
Rigel 80:
 
==Elía yn it Nije Testamint==
Yn it [[kristendom|kristlike]] [[Nije Testamint]] fan 'e Bibel wurdt Elía ek ferskate kearen neamd. De profeet [[Jehannes de Doper]], dy't yn 'e [[woastyn]] libbe en de lju oprôp ta ynkear te kommen en har [[doop (sakramint)|dope]] te litten, makke mei opsetsin gebrûk fan symboalen dy't de lju yn syn tiid daliks mei Elía assosjearren. Sa droech er in rûge, kamielehierrende mantel en in learene gurle om 'e mul,<ref>''Evangeelje fan Mattéus'' 3:4, ''Evangeelje fan Markus'' 1:6</ref> en teffens doopte er syn folgelingen yn 'e rivier de [[Jordaan (rivier)|Jordaan]], dy't ek al in konneksje mei Elía hie. [[Jezus Kristus]] identifisearret Jehannes yn it ''[[Evangeelje fan Mattéus]]'' sels mei safolle wurden mei Elía: ''" 'En as jimme it mar oannimme wolle: Jehannes is de Elía dy't komme soe.' "''<ref>''Evangeelje fan Mattéus'' 11:14</ref> Fierderop seit er nochris: ''" 'Mar Ik sis jimme: Elía hat der al west, mar se hawwe net sjoen dat hy it wie, en mei him dien wat se mar woene.' "''<ref>''Evangeelje fan Mattéus'' 17:12</ref>
 
Yn ''Mattéus'' 17:1-13, it ferhaal dat bekendstiet as ''[[De Ferhearliking op 'e Berch]]'', wurdt ferteld hoe't op 'e top fan in hege berch wêrfan't de namme net neamd wurdt, it antlit fan Jezus begjint te strieljen. De dissipels [[Petrus (apostel)|Petrus]], [[Jehannes (apostel)|Jehannes]] en [[Jakobus (apostel)|Jakobus]], dy't by him binne, hearre dan de stim fan God út in wolk wei sprekken: "'' 'Dit is Myn Soan, Myn ynleave Jonge, dêr't Ik sa wiis mei bin. Harkje nei Him.'&nbsp;"''<ref>''Evangeelje fan Mattéus'' 17:5</ref> Ek sjogge se [[Moazes]] en Elía oan wjerskanten fan Jezus ferskinen. Petrus freget dan oft er trije tinten opsette sil: ien foar Jezus en elk ien foar Moazes en Elía, mar de ferskining blykt mar fan koarte doer te wêzen.
[[File:Transfigurationbloch.jpg|right|thumb|200px|De ferskining fan [[Moazes]] en Elía by de "ferhearliking op 'e berch".]]