Abdij fan Westminster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 41:
[[File:Layout Of Westminster Abby.svg|thumb|left|250px|''Plattegrûn fan Westminster Abbey'']]
[[File:VIEW , ®'s - DigiGraf - Ð - ┼ , City of WESTMINSTER GREATER LONDON ENGLAND - panoramio (5).jpg|thumb|260px|''Eastlike Marijekapel (1503-1519'']]
Neffens in leginde soe de tsjerke werom gean op de stifting fan in abdij op in eilân yn de [[Teems]] ûnder kening Sæberht fan Esseks, doe't in fisker in fizioen hie oer [[Petrus (apostel)|Petrus]]. Yn de tiid fan Edward de Belider waard de abdij yn [[Normandyske arsjitektuer|Normandyske]] styl ferboud (1045-1065). Op 28 desimber 1065 waard de [[Benediktinen|benediktynske]] delsetting ynwijd. De kening sels wie doe al te siik om de plechtichheid by te wenjen en waard nei syn dea yn de tsjerke byset. It iennige ôfbyld fan dy earste abdij stiet op it fernemade [[Tapyt fan Bayeux]]. De lokaasje tichteby it keninklike paleis fan Westminster, it bestjoerssintrum fan it lân, droech by oan macht dy't de abt en de muontsen tafoel yn de iuwen nei de Normandyske oermastering.
 
De goatyske ferbouwing yn de styl fan de Frânske heechgotyk fan de abdij sette fanôf 1245 ûnder kening [[Hindrik III fan Ingelân|Hindrik III]] útein. Oant 1269 wiene it [[Koer (tsjerke)|koer]], it [[transept]] en it eastlike diel fan it [[Skip (tsjerke)|tsjerkeskip]] mei de oanbuorjende [[kleastergong]] en it [[kapittelhûs]] foltôge. De boumaster fan dat diel fan de tsjerke stiet bekend ûnder de namme ''Henry of Reyns'', dy't mooglik út Reims kaam en dêr ek oan de [[Notre-Dame de Reims|Notre-Dame]] wurke hat. It âld [[Romaanske arsjitektuer|romaanske]] skip bleau noch wol hûndert jier oan de nijbou stean mar waard ôfbrutsen om tusken 1376 en 1506 it tsjerkeskip te foltôgjen yn deselde styl as de rest fan de tsjerke. De bou waard foltôge troch de arsjitekt Henry Yevele ûnder it regear fan [[Richard II fan Ingelân|Richard II]]. [[Hindrik VII fan Ingelân|Hindrik VII]] liet tusken 1503-1519 de oan [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]] wijde kapel yn de [[Ingelske gotyk|perpendicular styl]] tafoegje, ien fan de moaiste let-goatyske gebouwen fan Jeropa.
 
==== Reformaasje ====