Ferskil tusken ferzjes fan "Katedraal fan Monreale"

(benammen by grutte teksten helpt de staveringshifker)
(→‎Bou: bs)
It inisjatyf foar de bou wie lykwols mear in saak fan konkurrinsje mei de biskop Walter fan Palermo, dy't syn sinnen set hie op de bou fan in grutte katedraal yn Palermo. De bou fan de ynearsten as kleastertsjerke ûntwurpen katedraal fan Monreale fûn plak yn de jierren 1172-1176. Yn de katedraal waard de kroaning en it houlik fierd fan Willem II fan Sisylje. Ek tsjinne de katedraal as grêftsjerke foar de Normandyske hearskers fan Sisylje.
 
De katedraal represintearret op oertsjûgjende wize de Normandysk-Arabysk-Byzantynske boustyl, dy't yn dy tiid opgong makke op Sisylje. Normandysk (of Romaansk) is foaral it massive fan it bouwurk, Arabysk binne de bline bôgen en it ynliswurk yn de bûtenmuorren (benammen yn de [[apsis (arsjitektuer)|apsiden]]) en de gouden mozaiken oan de binnenmuorren fan de katedraal binne Byzantynsk.
 
== Beskriuwing ==
13.836

bewurkings