Ferskil tusken ferzjes fan "Katedraal fan Monreale"

(→‎Bou: bs)
 
Yn de haadapsis wurde [[Jezus (tradisjoneel-kristlik)|Kristus]] as [[Pantokrator]] ("Hearsker fan de Wrâld") en de yn 'e himel opnommen [[Marije (mem fan Jezus)|Mem fan God]] útbylde. De sân meter hege en trettjin meter brede Kristus nimt de hiele boppeseksje fan de apsis yn beslach. Yn de lofter hân hâldt Er de iepensleine [[Bibel]] fêst mei dêrop de [[Gryksk|Grykske]] en [[Latynsk]]e wurden út [[Evangeelje fan Jehannes|Jehannes]] 8:12: "Ik bin it Ljocht fan 'e wrâld. Wa't my neifolget sil wis nea yn it tsjuster wêze". Under Kristus is in troanjende Marije mei oan wjerssiden aartsingels en apostels te sjen. De seksje dêrûnder telt fjirtjin hilligen.
De súdlike apsis toant sênes út it libben fan [[Petrus (apostel)|Petrus]] en de noardlike apsis fan de apostel [[Paulus]].
 
==== Mozaiken ====
13.836

bewurkings