Hagia Sofia (Istanbûl): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 61:
[[File:Hagia Sophia, Istanbul (37838171516).jpg|thumb|left|200px|<center>''Kearûbyn''</center>]]
Yn 726 feardige keizer [[Leo III fan Byzantium|Leo III]] in rige edikten út tsjin de ferearing fan ôfbylden. Hy joech it leger opdracht om alle [[ikoan]]en te ferneatigjen. Dat wie it begjin it tiidrek fan it byzantynske [[ikoanoklasme]]. Alle religieuze bylden en ôfbylden waarden út de Hagia Sofia ferwidere.
[[File:Henricus Dandolo.jpg|thumb|260px|<center>''Senotaaf Enrico Dandolo''</center>]]Nei't troch in grutte ierdskodding op 25 oktober 989 in de westlike koepelbôge ynstoartte, frege keizer Basilius II oan de [[Armenen|Armeenske]] [[Trdat (arsjitekt)|Trdat]], de arsjitekt fan de katedraalen fan [[Ani]], om de lieding te nimmen fan de reparaasjes. Dêr wie Trdat seis jier mei dwaande en op 13 maaie 994 waard de katedraal op 'e nij iepene. Njonken de rekonstruksje waarden ek de dekoraasjes fan de katedraal renovearre. Dêrnjonken waarden der fjouwer ûnbidich grutte fresko's fan [[Kearûbyn|kearûbinen]] en in nije Kristusfoarstelling yn de koepel tafoege en yn de [[apsis (arsjitektuer0|apsis]] in foarstelling fan de Jongfaam Marije mei yn har hannen Jezus tusken de apostels [[Petrus (apostel)|Petrus]] en [[Paulus]]. Op de grutte sydbôgen waarden foarstellings skildere fan de profeten en de tsjerkfaars.
 
Mei de [[Latynske Ry|Latynske besetting fan Konstantinopel]] (1204–1261) waard de tsjerke plondere en in [[Roomsk-Katolike Tsjerke|roomsk-katolike]] katedraal. In soad reliken waarden nei it Westen stjoerd en kinne tsjintwurdich dêr yn musea sjoen wurde. Enrico Dandolo, the [[doge]] fan [[Republyk Feneesje|Feneesje]] dy't opdracht joech om de stêd yn te fallen en te plonderjen, leit yn de tsjerke begroeven. Yn de 19e iuw liet in Italjaansk restauraasjeteam in [[senotaaf]] op de mooglike lokaasje (de eastlike boppegalerij) oanbringe, dy't noch altiten sichtber is. De stien wurdt faak troch toeristen beskôge as in midsiuwske stien fan it grêf fan de doge, mar de echte tombe waard troch de Ottomanen ferneatige nei't se de stêd yn 1453 oermasteren en de katedraal yn in moskee feroaren.
Rigel 74:
File: Johnchrysostom.jpg|''Jehannes Krysostomos''
</gallery>
 
== Moskee (1453-1934 ) ==
Hast tûzen jier lang bleau de Hagia Sofia in symboal fan it [[Kristendom]]. Dêr kaam op 29 maaie 1453 in ein oan doe't Konstantinopel yn hannen foel fan de oanfallende [[Ottomanen]]. Sultan Mehmet II joech nei't de muorren fan Konstantinopel belies joegen lykas doe wenst wie syn troepen tastimming om harren út te tjirgjen. De stêd waard trije folle dagen plondere en doe't de trije dagen om wiene easke de sultan al de noch oerbliuwende wearden foar himsels op. De Hagia Sofia waard net útsûndere fan de plonderings en om't se tochten dat dêr in soad rykdom te finen wie lei dêr de fokus fan de rôvjende troepen. Dat it gyng nei't der iepenings forsearre wiene fuort op nei de Hagia Sofia en it de Ottomanen tebûken de doarren fan de katedraal om sa tagong te krijen. Al salang it belis fan Konstantinopel duorre hie, waarden yn de katedraal trochgeand tsjinsten holden. De bewenners tochten dat de katedraal in feilige haven foarme en in skûlplak foar elk, dy't net meidwaan koe om de stêd te ferdigenjen, lykas froulju, siken, bern, âlde minsken en ferwûne manlju. No sieten se as ratten yn de fal en waarden se kriichsbút om ferdield te wurden ûnder de oerwinners. Wylst it gebou al plonderjend ûntwijd waard, fûnen der mishannelings en ferkrêfings plak. Alde minsken, siken of ferwûne minsken waarden fermoarde en nei de ferkrêftings waarden de froulju en bern oan de kettings lein om ferkocht te wurden as slaven. Sa lang as it koe gyngen de preesters fierder mei de tsjinst, oant se troch de ynfallers twongen waarden op te hâlden. Doe't de sultan mei syn gefolch de tsjerke binnen gyng joech er fuort de opdracht de tsjerke yn in moskee te feroarjen. Mei de op de preekstoel resitearre wurden fan ien fan de oanwêzige [[Islaam|islamityske]] gelearden "Der is gjin God dan Allah en Mohammed is syn profeet" waard dêrta it startskot jûn.