West-Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 5:
 
== Karakter ==
West-Fryslân hat in agrarysk oansjen en wurdt skaaimerke troch lange lintdoarpen. Der binne in oantal gruttere stêden lykas Hoarn (sintrumfunksje foar West-Fryslân), [[Inkhuzen]], [[Skagen (stêd)|Skagen]], [[Medemblik (plak)|Medemblik]] en [[Heerhugowaard]]. De havenplakken Hoarn en Inkhuzen hawwe in âld-Hollânsk karakter troch harren VOC-ferline. West-Fryslân is benammen yn trek by de wettersport, dit komt trochdat de regio oan de [[Iselmar]] en de [[Markermar]] leit. Fanwege alle sleatten en fearten is West-Fryslân ek goed berikber mei de boat. En op 'e fyts is der ek goed te wêzen, want der leit in grut netwurk fan fytspaden.
 
== Dialekt ==
Yn West-Fryslân wurdt it Hollânske dialekt [[Westfryske dialekten|West-Frysk]] sprutsen. Dit dialekt is in mingtaal fan it [[Hollânsk]] en de oarspronklike [[Frysk|Fryske taal]]. Tsjintwurdich liket dit dialekt mear op it Hollânsk as op it Frysk, mar der binne ek wol oerienkomsten mei it Frysk.
 
== Skiednis ==
West-Fryslân waard al foar de tiid fan de [[Romeinen (folk)|Romeinen]] bewenne troch minsken. Sa om-ende-by [[600 f.Kr.]] festigen de [[Friezen]] harren yn dizze omkriten. It makke in skoftke diel út fan it Romeinske ryk ([[12 f.Kr.]] - [[47|47 n.Kr.]] De skiednis fan West-Fryslân is foaral ferbûn west mei de rivier de ''[[Flehi]]'', dy't troch de [[Flevomar]] (Almere) yn de [[Waadsee]] útmûnet. Yn de rin fan iuwen waarden mar en rivier hieltyd breder en ûntstie wierskynlik troch ôfslach fan de wâlkant, it ôfgraven fan it fean en it rizen fan de seespegel de [[Sudersee]].
 
Nei it fertrek fan de Romeinen makke West-Fryslân sûnt de [[7e iuw]] diel út fan it [[Fryske ryk]] dat ûnder kening [[Aldgilles I fan de Friezen|Aldgilles]] en [[Redbad]] syn grutste útwreiding berikte. Nei it bewâld fan kening Redbad, stried hofmeier [[Karel Martel]] tsjin de Friezen dy't troch him yn [[720]] ferslein waarden. De Fryske gebieten westlik fan [[Fly|It Fly]], dêr't ek West-Fryslân by hearde kaam sa yn [[Franken|Frankyske]] hannen.
Rigel 41:
|[[Opmar]]||''Opmar''
|-
|[[Skagen (stêd)|Skagen]]||''Skagen'' (gedieltlik)
|-
|[[Stêde Broec]]||''Stee Broek''