Trompet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 31:
Wol waard besocht om de trompet alle toanen spylje te litten. Net allinne dy fan de toanljedder mar ek dy't dêr tusken yn sieten. It wichtichst besykjen dêrta wie de útfining fan de kleptrompet. In trompet mei in pear kleppen lykas by in fluit. Dat ynstrumint waard útfûn troch [[Anton Weidinger]] en dy hat twa trompetkonserten besteld by [[Joseph Haydn]] en by [[Johann Nepomuk Hummel]]. Dy trompetkonserten hearre no by it standertrepertoire.
 
It earst wurkjende fentyl waard troch [[Heinrich Stölzel]] yn [[1815]] útfûn en it fentyl sa't wy dat no kenne troch [[François Perinet]] yn [[1839]]. It fentyl waard benammen tapast op de [[kornet (ynstrumint)|kornet]]. It is net rjocht dúdlik wa't earder wie, Heinrich Stölzel of [[Friedrich Blühmel]]. Tegearre krigen se yn [[1818]] in [[patint]]. De earste fentilen wiene nammers net rûn mar fjouwerkant en waarden makke troch [[Friedrich Wilhelm Schuster]].
 
De trompet moat net betize wurde mei de [[kornet]], dy't der wol wat op liket. Dat lêste ynstrumint hat in oare skiednis: it stamt ôf fan de [[posthoarn]]. It ferskil is benammen dat de kornet folle koanysker is: de diameter fan de buis fan it mûlestik ôf smeller, en hat dêrtroch in grutter ferrin. De kornet is ek kompakter boud, mei rommere bochten as de trompet. Yn de [[20e iuw]] moast de kornet stadichoan wer plak meitsje foar de fentyltrompet. Op dit stuit (2007) makket de trompet wer in hichtepunt troch. It ynstrumint wurdt in soad brûkt yn de jazz en ek wurde der solostikken foar skreaun troch klassike [[komponist]]en. Bygelyks troch [[Hindemith]], [[André Jolivet|Jolivet]] en [[Henze]]. Alinnich yn in [[brassband]] slacht de kornet foar master op: dêr spylje gjin trompetten yn.
 
Om't de trompet no op ferskate wizen yn de muzyk brûkt wurdt, is it saak om de klank fan it ynstrumint oanpasse te kinnen. Dêrfoar hat de trompettist ferskate dimpers ta syn beskikking.