Lusanne van der Gun: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 23:
 
==Untfiering==
Op [[25 augustus]] [[2003]] waard Lusanne steande holden troch in har ûnbekende [[man (persoan)|man]], wylst sy en har [[kammeraatske]] Carien op 'e [[fyts]] ûnderweis wiene nei [[skoalle (ynstelling)|skoalle]]. Dy man, dy't letter in Simon S. bliek te wêzen, die him foar as in [[plysje]]man yn boarger. Hy oardere Carien om troch te fytsen en Lusanne om ôf te stappen. Dêrnei [[blyndoek]]e er har mei in rôle [[ferbân (wynsels)|ferbân]], lei har yn 'e [[kofferbak]] fan syn [[auto]] en ried fuort. Om't der doedestiden noch gjin [[amber alert]] bestie, gie der kostbere tiid ferlern ear't de minsken op 'e dyk har bewust wiene fan 'e ûntfiering. In frachtweinsjauffeur hie Lusanne by de auto fan S. opmurken, mar tsjin 'e tiid dat hy begriep wat der oan 'e hân west hie, wie S. al fan auto wiksele.
 
Lusanne waard troch S. [[bedwelming|drogearre]] mei [[slieppil]]len oplost yn in flesse [[Rivella]], en brocht trije dagen yn it selskip fan 'e man troch. It wie gleonhjit yn 'e kofferbak en it wie ûnnoflik om hieltyd lizze te moatten. Boppedat hie S. gjin skjinne klean foar har meinomd. It wie S. inkeld te dwaan om [[losjild]], dat Lusanne waard net [[seksuële oantaasting|seksueel oantaast]]. Wol jage er har de stupen op it liif. Hy joech Lusanne de yndruk dat der twa manlju by har ûntfiering belutsen wienen: Henri en in 'baas'. As se net die wat har sein waard, soe dy baas har yn [[Belgje]] ferkeapje oan in [[klinyk]] dêr't slim sike bern better makke waarden mei [[orgaan (anatomy)|organen]] fan sûne bern. [[Nacht]]s liet S. Lusanne efter yn in ôfsletten [[garaazjeboks]]. Se [[sliep]]te yn 'e auto. Hoewol't de [[rôldoar]] fan 'e boks yn it kier stie om wat lucht yn 'e romte ta te litten, doarst Lusanne it net oan en besykje te ûntsnappen. De twadde deis skille S. Lusanne har [[âlden]] op en easke [[€]]200.000. De plysje fleach it losjild oer nei de [[wente]] fan 'e Van der Guns, mar it waard nea útbetelle.
Rigel 34:
==Trivia==
* Skoalhaad Jelke Nijboer fan Aldeberkeap krige yn [[2003]] de [[Fryske Parsepriis]] foar syn belutsenens by de saak-Lusanne van der Gun.
* Van der Gun sels waard letter [[frachtweinsjauffeur]], ried in hoart op it bûtenlân, mar bliuwt (anno 2018) almeast yn [[Nederlân]]. Har [[frachtwein]] is in [[Scania]] dy't se 'Chicky' neamt om't it [[griffioen]]embleem fan it merk neffens har op in [[hin]] liket. Se [[gearwenjen|wennet gear]] mei har [[freon]] en fertelde yn [[febrewaris]] [[2018]] yn in [[fraachpetear]] yn 'e ''[[Ljouwerter Krante]]'' dat se sterker wurden wie fan 'e ûntfiering.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=