Tûzenjierrich Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} It '''Tûzenjierrich Ryk''' of ek wol it '''Tûzenjierrich Frederyk''' is yn it kristlike leauwe in profesij yn it Bibelboek Iepenbiering fan Je..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 16 okt 2020 om 03.59

It Tûzenjierrich Ryk of ek wol it Tûzenjierrich Frederyk is yn it kristlike leauwe in profesij yn it Bibelboek Iepenbiering. Neffens dy profesij sil Jezus Kristus nei syn weromkommen op ierde Satan (de duvel) opslute en sil er in wrâldwiid frederyk stiftsje dat tûzen jier lang duorret. It leauwen yn dat Tûzenjierrich ryk wurdt ek wol gyliasme neamd, nei it Grykske wurd Χίλιοι (chilioi, dat "tûzen" betsjut). Oare wurden dêrfoar binne milennialisme (fan it Latynske mille "tûzen" en annus "jier") of milennarisme (fan it Latynske millennarius "befettet tûzen").

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


It premilennialisme leaut dat Jezus op ierde weromkomt ear't it Tûzenjierrich Ryk begjint om dêrfoar ta te rieden. It postmilennialisme leaut dat Jezus neitiids komme sil, yn 'e mande mei de Dei fan it Oardiel. It amilennialisme beskôget it Tûzenjierrich Ryk as in symboalysk tiidrek dy't net letterlik bestean sil.