Follybal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 30:
== Follybal yn Nederlân ==
=== Untstean ===
Nederlân kaam yn [[1925]] yn oanrekking mei it follybal. Pater Simon Buis (1892-1960) hie it follybal sjoen yn de Amerikaanske [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Illinois (steat)|Illinois]]. De Amsterdamse Maatschappij voor Jongemannen, [[AMVJ (follybal)|AMVJ]], nûge yn 1928 de Ingelske [[YMCA]] út om in demonstraasje te jaan fan it follybal. Dat sloech tige oan, de AMVJ waard yn 1930 dan ek de earste follybalklup fan Nederlân. Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard follybal yn Nederlân hieltyd populêrder, omdat soldaten út ûnder mear [[Amearika]], [[Kanada]] en [[Poalen]] rûnom yn it lân follybal spilen. Yn de jierren nei de oarloch waard follybal dan ek in echte skoalsport. No wie der in probleem: yn Nederlân waarden net deselde regels hantearre, dat der koene gjin echte wedstriden spile wurde. De rop om in organisaasje dy't alles regelje soe, waard nei de oarloch hieltyd grutter. Dêrom waard op [[6 septimber]] [[1947]] yn [[Amsterdam]] de [[NeVeBo]] oprjochte, it Nederlânske follybalbûn.
 
=== Kompetysje ===