Abraham Lincoln: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 5:
Abraham Lincoln is berne yn in suterige hutte yn Hodgenville, Kentucky op in matras fan drûge maiskolven. Syn heit wie timmerman en in lytse boer. Syn mem, dy’t njoggen jier letter al stoar, koe net lêze of skriuwe. Op syn sânde jier waard Abraham fan de drinkeldea rêden troch syn freon Austin Gollaher. Hy hat benei gjin skoalle hân, mar Abraham Lincoln hie in prachtige jefte: hy koe prate as Brugman.
 
As jongkeardel fear er de [[Mississippy (rivier)|Mississippy]] ôf, wurke yn in [[winkel fan Sinkel]], wie lânmjitter en posthâlder. In koart skoft tsjinne er yn de [[milysje]] fan [[Illinois (steat)|Illinois]] dy’t tsjin de Yndiaanske haadman [[Swarte Hauk]] oan it fjochtsjen wie. Lincoln syn earste besykjen ([[1832]]) om keazen te wurden yn it [[dielsteatparlemint]] fan Illinois rûn op neat út, mar twa jier letter slagge it wol.
 
Yn [[1837]] waard er [[abbekaat|advokaat]]. Yn in anonime brief berabbe Lincoln in lokale politikus. De saak kaam út en de politikus woe in duel. Op it lêste momint gie it duel net troch. Lincoln hat himsels altyd skamme foar dizze affêre.
 
Yn [[1842]] troude er mei [[Marry Todd]], in frou út in súdlike famylje. Sy wie gjin sunich persoan. Se waard sels eksintryk neamd. Foaral nei de dea fan twa fan har bern, joech se jild as wetter út. Yn [[1846]] krige Lincoln in sit yn it [[Hûs fan Offurdigen]] yn [[Washington, D.C.|Washington]]. Der spriek er him út tsjin de oarloch mei [[Meksiko]] en tsjin de [[slavernij]]. Dat er der op tsjin wie, woe net sizze dat er donkere minsken as syn gelikense seach. Lincoln fûn dat swarte minsken har mar yn in oar lân fêstigje moasten. Nei't er meiholpen hie om de [[republikeinske partij]] op poaten te setten, gie er de striid oan mei de [[demokraat]] Douglas. De ynset wie in sit yn 'e senaat foar [[Illinois (steat)|Illinois]]. It grutste ferskil yn stânpunten siet him yn de slavernij. De republikeinen woenen fan de slavernij ôf, mar de demokraten wienen fan betinken dat soks oan de befolking fan de dielsteaten oerlitten wurde moast. Lincoln joech as argumint wêrom: ''A house divided in itself cannot stand''. Dy Bibeltekst brûkte er as metafoar foar de driigjende spjalting fan de Feriene Steaten. Dochs wûn Douglas de striid. 'It is in útglider mar gjin fal', sei Lincoln. En dêr hie er gelyk oan. Op [[6 novimber]] [[1860]] wûn er mei in grutte mearderheid de striid om it presidintskip, wylst Douglas op 'e nij syn tsjinstanner wie. Itselde soed er fjouwer jier letter nochris dwaan.
 
== Oarloch ==