Dee Brown: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 33:
Fan [[1948]] oant [[1972]] wie Brown lânboubibletekaris oan 'e [[Universiteit fan Illinois te Urbana-Champaign]], dêr't er ûnderwilens in masterstitel yn bibleteekwittenskippen behelle en [[perfester]] waard. Yn dyselde snuorje krigen hy en syn frou Sally twa bern, in soan, Mitchell, en in dochter, Linda. Yn syn frije tiid skreau Brown sawol [[fiksje]] as [[non-fiksje]], en tsjin 'e ein fan 'e fyftiger jierren hied er njoggen boeken op syn namme stean. Yn 'e sechtiger jierren skreau nochris acht oaren, wêrûnder ''The Year of the Century: 1876'', dêr't er letter fan sei dat it him fan syn hiele oeuvre it leafst wie. Bûten skiedkundige fermiddens yn 'e Feriene Steaten krige er lykwols pas bekendheid troch ''Bury My Heart at Wounded Knee'', dat yn [[1970]] ferskynde mei as ûndertitel ''An Indian History of the American West''. Dêryn beskreau er de skiednis fan it [[Wylde Westen]] yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] fanút in Yndiaansk eachpunt. It boek waard in [[bestseller]], en der ferskynden oersettings yn withoefolle talen (wêrûnder it [[Nederlânsk]]e ''Begraaf Mijn Hart bij de Bocht van de Rivier'', út [[1972]], mei as ûndertitel ''Standaardwerk over de Ondergang van de Indianen in Noord-Amearika''). In protte lêzers giene derfan út dat Brown sels fan Yndiaansk komôf wie, en wiene ferrast as se hearden dat dat net it gefal wie.
 
Yn [[1973]] gie Brown mei pinsjoen, en kearden hy en de frou werom nei [[Little Rock (Arkansas)|Little Rock]], yn [[Arkansas]]. Neitiid skreau er noch û.m. ''Creek Mary's Blood'', in [[roman]] dy't it ferhaal fertelt fan ferskate generaasjes dy't ôfstamje fan ien [[Kriik (folk)|Kriik]]-frou, en ''Hear That Lonesome Whistle Blow'', in skiednis fan 'e oanlis fan it spoar yn 'e westlike Feriene Steaten. Syn lêste wurk fan 'e lingte fan in boek wie de roman ''The Way to Bright Star'', dy't ûnder de [[Amerikaanske Boargeroarloch]] spilet. Brown ferstoar op [[12 desimber]] [[2002]] te Little Rock, yn 'e âlderdom fan 94 jier. Hy waard njonken syn frou begroeven yn [[Urbana (Illinois)|Urbana]], yn 'e steat [[Illinois (steat)|Illinois]].
 
==Wurk (ûnfolsleine opsomming)==