Thomas Tibbles: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 32:
Dêrtroch draaide it spul út op in opsjochjaande [[rjochtsaak]] mei de namme ''[[Standing Bear v. Crook]]'', wêrby't Steande Bear mei help fan 'e [[abbekaat|abbekaten]] [[John L. Webster]] en [[Andrew J. Poppleton]], dy't harren tsjinsten nei oanlieding fan Tibbles syn [[artikel (publikaasje)|artikels]] fergees oanbeaen, de Amerikaanske oerheid yn 'e persoan fan brigadegeneraal Crook oanklage foar ûnrjochtlike finzenname. [[Rjochter]] [[Elmer S. Dundy]] die yn [[maaie]] [[1879]] de útspraak dat Yndianen (oars as oant dy tiid oannommen waard) wol deeglik as 'persoanen' ûnder de Amerikaanske [[wet]] beskôge wurde moasten, en dat se dus net sûnder juridyske ûnderbouwing yn 'e hechten set wurde koene.
 
Tibbles [[houlik|troude]] letter mei [[Susette LaFlesche]], in Omaha-Yndiaanse dy't ûnder de rjochtsaak as [[tolk (berop)|tolk]] foar Steande Bear fungearre hie. Mei har en har broer [[Francis LaFlesche]] beselskippe Tibbles it Ponka-opperhaad fan [[oktober]] [[1879]] oant [[1883]] op in rûnrêis troch de eastlike [[Feriene Steaten]] en [[Jeropa]], dêr't er [[lêzing]]slêzings joech en [[taspraak|taspraken]] hold. Begjin [[jannewaris]] [[1891]] wie Tibbles by [[Wounded Knee (Súd-Dakota)|Wounded Knee]], yn [[Súd-Dakota]], tsjûge fan 'e neisleep fan it kweaferneamde [[Bloedbad fan Wounded Knee]], wêrby't it [[Amerikaanske Leger]] ûnder barre [[winter]]ske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske [[geastedûns]]beweging ôfslachte, mei 297 deaden ta gefolch, meast [[frou]]lju en [[bern (persoan)|bern]]. Tibbles wie ien fan 'e earste sjoernalisten dy't ferslach diene fan dy [[oarlochsmisdie]].
 
===Lettere jierren en ferstjerren===