John M. Chivington: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 27:
==Libben en karriêre==
===Jonge jierren===
Chivington waard yn [[1821]] berne yn [[Lebanon (Ohio)|Lebanon]], yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Ohio]], as de soan fan Isaac Chivington, dy't yn [[1813]] ûnder [[generaal]] [[William Henry Harrison]] yn 'e [[Slach oan de Thames]] tsjin 'e [[Yndianen|Yndiaanske]] konfederaasje fan [[Tecumseh]] fochten hie. Chivington wie oanhelle mei [[kleureblynheid]]. Hy fielde him oanlutsen ta it [[metodisme]] en waard yn [[1844]] [[predikant]], wêrnei't er tsien jier lang yn [[Illinois (steat)|Illinois]] stie. Yn [[1853]] joech er him by in metodistyske [[sinding]]sekspedysje nei de [[Wyandot (folk)|Wyandot]]-Yndianen yn [[Kansas]]. Dêr waard doedestiden sa'n fûleindige en iepentlike (wapene) striid levere troch Noardlike [[abolysjonisme|abolysjonisten]] en [[Amerikaanske Suden|Súdlike]] [[slavernij|slavehâlders]] dat men spriek fan ''[[Bleeding Kansas]]'' (it "Bliedende Kansas"). Chivington syn útsprutsen abolysjonistyske tinkbylden makken dat er dêr yn gefaar ferkearde, dat syn freonen wisten him te bepraten om him ynstee nei [[Nebraska]] te bejaan.
 
Sadwaande stie Chivington neitiid yn [[Omaha (Nebraska)|Omaha]], mar dêr krige er spul en gied er al nei ien jier fuort. Neffens [[histoarikus]] [[James Haynes]] wie Chivington "net sa kalm yn syn hâlden en dragen as men fan in godsman ferwachtsje meie soe" en makke er it libben dreech en drôf foar freonen dy't besochten syn reputaasje te rêden. Underwilens wied er [[houlik|troud]], en yn [[maaie]] [[1860]] ferfear er mei syn [[gesin]] nei it [[Kolorado|Kolorado-territoarium]], dêr't er him nei wenjen sette yn [[Denver]]. Hy waard keazen ta foarsittend âldste fan it nije metodistyske [[Rocky Mountains]]-distrikt, en tsjinne twa jier yn dy funksje. Nei't er op 'e nij spul krigen hie, waard syn oanstelling op 'e pleatslike metodistyske konferinsje fan [[1862]] net ferlinge. Ynstee waard oan syn namme de tafoeging "fêstige" (''located'') tafoege, wat sizze woe dat er net mear in omreizgjend preker wie en dus min ofte mear mei [[emeritaat]]. Guon histoarisy binne fan betinken dat it Chivington syn belutsenens by de territoriale milysje fan Kolorado wie dy't derfoar soarge dat de metodisten him oan 'e kant setten.
Rigel 36:
Twa dagen letter, op [[28 maart]], stjoerde Slough Chivington en syn mannen derop út om in flankearjende beweging te meitsjen, mei de opdracht om Sibley fansiden oan te fallen sadree't syn haadmacht by [[Glorieta Pass]] yn gefjocht ferwikkele rekke wie mei Slough syn troepen. Chivington naam syn posysje yn boppe de [[berchpas|pas]], mar wachte dêr om 'e nocht op sawol Sibley as Slough. Doe't [[ferkenner]]s berjochten dat Sibley syn hiele [[bagaazjetrein]] deunby op [[Johnson's Ranch]] wie, besleat Chivington op eigen inisjatyf om dy oan te fallen. Dêrby wist er sûnder ferliezen oan eigen kant de hiele bagaazjetrein bút te meitsjen en de lytse Konfederearre bewekkingsienheid op 'e flecht te driuwen of kriichsfinzen te nimmen. Neitiid joech er befel om alle [[kapwein]]en mei foarrieden te ferbaarnen en alle [[hynder]]s en [[mûldier]]en dea te meitsjen.
 
Underwilens gie de [[Slach by Glorieta Pass]] oan op [[Pigeon's Ranch]]. Doe't Chivington him wer by Slough joech, die bliken dat dy fluch terrein priisjaan moast. De Konfederearre troepen fan Sibley hiene de [[slach]] wûn, mar troch Chivington syn aksje hiene se gjin foarrieden om in fierdere opmars mei te ûnderstypjen, en wiene se ynstee twongen om har werom te lûken. Sa hie Chivington de útkomst fan 'e slach folslein omkeard. Sibley moast him mei syn legermacht ôfjaan nei Teksas en de Konfederaasje soe nea wer it [[Amerikaanske Súdwesten|Súdwesten]] bedriigje.
 
Werom yn Kolorado waard Chivington sadwaande ynhelle as oarlochsheld, hoewol't kritisy letter oantekene hawwe dat as er him daliks wer by Slough jûn hie sadree't er it gewearfjoer fan 'e fjildslach heard hie, syn 400 man krekt it ferskil makke hawwe koene dat Slough by steat steld hie om 'e slach te winnen. Neitiid waard Chivington yn [[april]] [[1862]] oansteld as [[kolonel]], mei it befel oer it 1e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Kolorado. Yn [[novimber]] fan datselde jier waard er ta [[brigadegeneraal]] befoardere, mar dy promoasje waard yn [[febrewaris]] [[1863]] ûngedien makke nei't in kriichsfinzen Konfederearre legerpredikant in formele klacht tsjin him yntsjinne hie om't er op Johnson's Ranch drige hie en deadzje alle Súdlike [[soldaat|soldaten]] dy't er kriichsfinzen nommen hie.
Rigel 43:
By it [[Ferdrach fan Fort Wise]] waard yn [[1861]] oan 'e [[Súdlike Sjajinnen]] it [[Sand Creek Yndianereservaat]] tawiisd, in lyts hoekje lân yn súdeastlik [[Kolorado]], dêr't de grûn ûnbebouber wie en de tradisjonele [[jacht (aktiviteit)|jacht]] op 'e [[Amerikaanske bizon|bizons]] ûnmooglik, mei't dy bisten dêr net foarkamen. In protte Súdlike Sjajinnen wegeren dit [[ferdrach]] te akseptearjen, mei't se harsels yn it [[Yndianereservaat|reservaat]] ûnmooglik yn libben hâlde koene. It resultaat wie in sitewaasje wêrby't [[jeropide ras|blanke]] delsettings en [[boerespultsje]]s it doelwyt waarden fan oerfallen troch poerlulke Sjajinske [[krigers]]. Tsjin 'e simmer fan [[1864]] wie it konflikt oanboaze ta in iepen [[oarloch]] (de saneamde [[Kolorado-oarloch]]), wêrby't de hauken ûnder de Súdlike Sjajinnen stipe krigen fan lykstimden ûnder de [[Súdlike Arapaho (folk)|Súdlike Arapaho]] en de [[Kajowa (folk)|Kajowa]] (''Kiowa'').
 
Nei in oerfal wêrby't in hiel kolonistegesin fermoarde wie, stalde [[John Evans (gûverneur)|John Evans]], de [[gûverneur]] fan Kolorado, it 3e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Kolorado gear, dat ek ûnder befel fan Chivington steld waard, mei as doel om foar iens en foar altyd mei de Yndianen ôf te weven. Alle "freonlike Yndianen" waarden oardere om har te melden by legerposten om't se oars as fijannich te boek komme soene te stean. Dat, it [[opperhaad (stamhaad)|opperhaad]] [[Swarte Tsjettel]] fan 'e Súdlike Sjajinnen late syn troep nei [[Fort Lyon]] ta, dêr't er him melde by de legerkommandant. Mei beswarrings fan freonskip waard er wer weromstjoerd nei it Sand Creek Reservaat, dêr't er bliuwe moast oant de fijannichheden beëinige wiene. Sadwaande sloegen de Súdlike Sjajinnen fan Swarte Tsjettel (Moketavato) en guon Súdlike Arapaho ûnder [[Lofterhân (Arapaho-opperhaad)|Lofterhân]] (Niwot) harren kamp op by in bocht yn it streamke de [[Big Sandy Creek (Kolorado)|Big Sandy Creek]], likernôch 64 km noardwestlik fan Fort Lyon.
 
Mar by [[moarnsdage]] op [[29 novimber]] [[1864]] waard it kamp oanfallen troch in troepemacht ûnder lieding fan Chivington, besteande út it 1e en 3e Frijwillige Kavaleryregmint fan Kolorado, oanfolle mei it 1e Frijwillige Kavaleryrezjimint fan Nij-Meksiko. Om't de measte [[kriger]]s op [[jacht (aktiviteit)|jacht]] wiene, wiene der mar sa'n sechstich [[man (sekse)|manlju]] yn it kamp oanwêzich, de measten dêrfan te âld of te jong om te jeien. Chivington skonk gjin oandacht oan it feit dat it kamp binnen de grinzen fan it reservaat lei en negearre de [[Stars and Stripes|Amerikaanske flagge]] dy't as teken fan [[frede]] boppe it kamp wappere en de [[wite flagge]] dy't hyst waard koart nei't de oanfal begûn. Tsjin syn troepen seid er: ''"Nei de hel mei eltsenien dy't mei de Yndianen sympatisearret. ''[...]'' Deadzje en skalpearje se allegear, grut en lyts; niten dêr komme luzen fan."''