John Wilson (Ottawa): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 19:
| webside =
}}
'''John Wilson''' (yn 'e krite fan 'e [[Grutte Marren]], ±[[1813]] – yn [[Kansas]], [[9 april]] [[1870]]) wie in [[opperhaad (stamhaad)|opperhaad]] fan 'e [[Ottawa (folk)|Ottawa]]. Syn [[Yndianen|Yndiaanske]] [[namme]] wie ''Pah-tii'', ek wol stavere as ''Pah-tee'' of ''Partee''. Wilson hie de lieding oer de Ottawa dy't yn [[1867]] út [[Kansas]] wei nei [[Oklahoma]] [[deportaasje|deportearre]] waarden. Letter soe út dy groep de [[Ottawa Stamme fan Oklahoma]] fuortkomme.
 
==Libben==
Wilson waard omtrint [[1813]] [[Berte|berne]] yn it gebiet fan 'e [[Grutte Marren]] fan [[Noard-Amearika]], wierskynlik yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Michigan]] of [[Ohio]]. [[Etnisiteit|Etnysk]] hearde er ta de [[Ottawa (folk)|Ottawa]], in [[Yndianen|Yndiaansk]] [[folk]] dat fan âlds in [[Algonkwynske talen|Algonkwynske]] [[taal]] sprekt en nau besibbe is oan 'e [[Odjibwe (folk)|Odjibwe]] (''Ojibwe''), dy't ek wol Tsjippewa (''Chippewa'') neamd wurde.
 
Yn 'e iere [[njoggentjinde iuw]] hiene de súdlike Ottawa-troepen yn [[Ohio]], [[Illinois (steat)|Illinois]] en súdlik [[Michigan]] ferskate [[Yndianereservaat|Yndianereservaten]]: [[Blanchard's Fork Yndianereservaat|Blanchard's Fork]], [[Roche de Bœuf Yndianereservaat|Roche de Bœuf]] en [[Auglaize Yndianereservaat|Auglaize]]. Yn [[1830]] naam it [[Amerikaanske Kongres]] lykwols de [[Wet op de Yndiaanske Ferwidering]] oan, wêrby't de [[deportaasje]] fan Yndiaanske stammen nei gebieten bewesten de [[Mississippy (rivier)|Mississippy]] regele waard om romte te meitsjen foar [[jeropide ras|blanke]] [[kolonist]]en. Neitiid waarden de Ottawa yn Ohio, Illinois en súdlik Michigan ûnder druk set om 'frijwillich' har lân op te jaan. Uteinlik tekenen harren foaroanlju yn [[1833]] in 'ferwideringsferdrach', wêrby't de Ottawa earst nij lân krije soene yn [[Iowa]]. Nei't it [[ferdrach]] al tekene wie, makke it Amerikaanske [[regear]] dêr lykwols ynstee [[Kansas]] fan, dat noch in stik fierder nei it westen ta lei.
 
De [[deportaasje]], dy't ek Wilson trof, fûn plak yn [[april]] [[1837]]. Fan 'e 600 Ottawa dy't nei Kansas ta [[emigraasje|emigrearren]], stoaren mear as 300 yn 'e earste twa jier, troch [[ûnderkuolling]], [[útputting]], [[ûnderfieding]] en om't se har net oanpasse koene oan it grutte [[klimaat]]ferskil tusken de koele, fochtige [[wâld]]en fan Ohio en de drûge, hjitte flakten fan Kansas. Lykwols moasten de Ottawa yn Kansas bliuwe, en nei ferrin fan tiid bouden se der in nij bestean op, mei in eigen [[Yndianereservaat]] by wat no de [[stêd]] [[Ottawa (Kansas)]] is. Yn dy tiid ûntjoech Wilson him ta ien fan 'e wichtichste foaroanlju fan syn Ottawa-troep.
Rigel 30:
Mar ûnderwilens skode ek de [[kolonisaasje]] fierder op nei it westen ta, en yn [[1867]] wiene de Ottawa fan Kansas twongen om fannijs ta te jaan oan 'e druk om harren lân ôf te stean. Diskear waarden se nei it suden ta deportearre, nei [[Yndiaanske Territoarium]] (it lettere [[Oklahoma]]), dat doedestiden in soarte fan sammelbak wie foar ûnwinske Yndianen. Under de deportaasje dêrhinne hie John Wilson de lieding oer de troep. Hy beävensearre dat de Ottawa yn 'e noardeasthoeke fan Oklahoma sa'n 60 km² lân oankochten fan 'e [[Eastlike Sjâny Stamme]], sadat se dêr in nij reservaat fêstigje koene. Nettsjinsteande dat easke de nije ferhuzing wer in grut tal deaden, en úteinlik wiene der noch mar 200 Ottawa oer dy't har op har nije lân nei wenjen setten.
 
Wilson sels reizge yn [[1869]] nei it fiere [[Washington, D.C.]] ta om syn folk te fertsjintwurdigjen yn [[ûnderhanneling]]s mei it Amerikaanske regear. Hy kaam yn [[1870]] yn [[Kansas]] te ferstjerren, en waard dêr [[begroeven]] op it Yndiaanske [[begraafplak]] fan [[Ottawa (Kansas)|Ottawa]]. Mei syn [[oarehelte|frou]], dy't mooglik Abigail of Terez hiet, hied er teminsten ien en mooglik trije [[bern (persoan)|bern]], in [[soan]] en twa [[dochter]]s. Ut 'e Ottawa-troep dy't Wilson nei Oklahoma ta late, kaam letter de [[Ottawa Stamme fan Oklahoma]] fuort, dat tsjintwurdich in [[list fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|federaal erkende]] [[Yndianen|Yndiaanske]] [[stamme (folk)|stamme]]-[[organisaasje]] yn 'e [[Feriene Steaten]] is.
 
==Keppelings om utens==