Mae West: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 24:
Fan 1933 ôf krige West it hieltiid mear swierrichheden om't de sensuer stranger waard. Ek religieuze organisaasjes protestearren tsjin West's films en ein jierren 30 waard hja in skoft fan de radio ferballe. Films as ''Klondike Annie'' en ''Go West Young Man'' (beide út 1936) wiene lykwols noch skerp fan tekst en populêr nettsjinsteande de oanheljende sensuer.
Yn [[1940]] spile hja tegearre mei [[W.C. Fields]] yn de súksesfolle film ''My Little Chickadee''. It wie bekend dat de twa stjerren it net meiinoar fine koene. Nei ''The Heat's On'' út [[1943]] stoppe sy mei films en gie se de [[nachtklub]]s en it [[teaterteäter (gebou)|teäter]] yn, dêr't de sensuer minder ynfloed hie en hja mear artistyke frijheid hie. Hja joech foarstellings yn ûnder oaren [[Ingelân]] en [[Las Vegas]]. By har shows yn Las Vegas hie West [[bodybuilder]]s om har hinne en song se ek. De show wie tige súksesfol en waard jierrenlang fuortset.
 
Yn [[1959]] skreau hja har [[autobiografy]] ''Goodness Had Nothing To Do With It''. Yn de santiger jierren ferskynde hja noch yn twa films, ''Myra Breckinridge'' yn [[1970]] en ''Sextette'' ym [[1978]]. Yn [[1980]] stoar Mae West nei in stikmannich [[beroerte]]n mei 87 jier yn Hollywood. Se waard begroeven yn New York.