Talintejacht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
In '''talintejacht''' is in evenemint wêrby't troch de organisators besocht wurdt om fia in [[wedstryd]] nije talinten op te spoaren. Sokke talinten kinne in grut ferskaat oan dissiplines omfiemje, lykas [[sport]], [[muzyk]], [[teäter (keunstfoarm)|teäter]] en [[tillefyzje]][[presintator|presintaasje]]. Ek in talintejacht sels kin withoefolle foarmen oannimme. Sa binne der bgl. [[scout (talintesiker)|scouts]] dy't troch nei [[fuotbal]]wedstriden te gean, nij fuotbaltalint besykje te ûntdekken. Meastal giet it by in talintejacht lykwols om in organisearre gearkomste wêrby't de dielnimmers om bar harren talint (of it brekme dêroan) yn in beskaat ekspertizefjild toane kinne oan in faksjuery en in publyk.
 
Sûnt [[2000]] binne talintejachten in wichtich ûnderdiel fan [[realitytillefyzje]] wurden, mei programma's as ''Idols'', ''The X Factor'' en ''The Voice of Holland''. Ek foartiid wiene der al talintejachten op 'e tillefyzje te sjen, lykas de ''Soundmixshow''. In tradisjonelere foarm fan in talintejacht wurdt foarme troch [[muzykkonkoers]]en, wêrby't [[klassike muzyk|klassike musisy]] harren talinten sjen litte kinne.