Piet Bambergen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 21:
Nei't Bambergen en Smit yn [[1960]] spul krigen hiene, stapte Smit op, en kearde Plevier werom as oanjouwer. Om dyselde snuorje hinne waarden De Mounties ûntdutsen troch programmamakker [[Rudi Carrell]]; dêrnei wiene se ek op 'e [[tillefyzje]] te sjen, wat foar harren de trochbraak betsjutte. Doe't Plevier yn [[oktober]] [[1965]] by in rippetysje oan in [[hertoanfal]] kaam te ferstjerren, waard de rol fan oanjouwer oernommen troch [[René van Vooren]]. Hoewol't Bambergen en Van Vooren in muoisume relaasje hiene en privee beslist gjin freonen wiene, foarmen se op it toaniel in tige súksesfol komysk duo.
 
Behalven yn [[sketch]]es mei Van Vooren, sawol yn it [[teäter (gebou)|teäter]] as op 'e [[tillefyzje]], wie Bambergen ek geregeldwei as [[toaniel]]akteur yn [[klucht]]en te sjen, wêrfan't faak ek in tillefyzjeregistraasje makke waard. Sa spile er mei Van Vooren en [[Joke Bruijs]] yn it stik ''Drie in de Pan'', mei Van Vooren en û.m. [[Sylvia de Leur]] yn it stik ''Er Is Er Een Jarig'' en mei Van Vooren en û.m. [[Brûni Heinke]] yn ''Lief Zijn voor Elkaar''. Teffens wurke er in protte gear mei [[Rudi Falkenhagen]], û.m. yn 'e stikken ''Goeie Buren'', ''Huwelijk in de Steigers'' en ''Joost Mag Het Weten''.
 
Fierders wie Bambergen ek yn ferskate [[film]]s te sjen, wêrûnder ''Help! De Dokter Verzuipt...'', út [[1974]], en ''Laat de Dokter Maar Schuiven'', út [[1980]]. Yn [[1975]] hied er de titelrol yn 'e komeedzje ''De Dwaze Lotgevallen van Sherlock Jones''. Ek fertolke Bambergen, benammen letter yn syn karriêre, ferskate rollen yn serieuze toanielstikken en [[musical]]s. Syn lêst rol wie dy fan Dr. Doolittle yn 'e Nederlânske ferzje fan ''[[My Fair Lady]]''. Njonken syn aktearwurk naam Bambergen ek ferskate, ornaris komyske, [[liet]]en op, foar in grut part tegearre mei René van Vooren as De Mounties.