Berend Joukes Fridsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Rigel 5:
De húshâlding Fridsma emigrearre yn [[1910]] nei de [[Feriene Steaten]]. Fridsma waard mei 29 jier lid fan de Fryske Krite 'Gysbert Japiks' yn Grand Rapids.
 
Fridsma wie heechlearaar [[Dútsk]] oan Calvin College yn [[Grand Rapids]] [[Michigan]], fan 1956 oant 1970, grûnlizzer fan it [[Frysk Ynformaasjeburo]] (''Frisian Information Bureau'', 1943-1984), redakteur fan ''[[Frisian News Items]]'' en strider foar de Fryske saak yn Amearika. De aksje foar Fryslân is te begripen út Fridsma’s kristlike eftergrûn: it sykjen fan gerjochtichheid. Al ier lid fan it [[Kristlik Frysk Selskip]] hat er de [[Fryske Beweging]] breder opfette as allinne mar in taalbeweging.
 
Hy publisearre yn Fryske tydskriften en skreau oersjoggen fan Fryske [[literatuer]] yn Amerikaanske ensyklopedyen. Yn 1991 waarden syn oantinkens en in bondel fersen útbrocht.