Hitlist: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
In '''hitlist''' of '''hitparade''' is in [[list]] mei dêrop yn ôfrinnende folchoarder de populêrste [[hit (muzyk)|hits]], te witten: de bêst ferkeapjende of meast (op 'e [[radio]]) spile [[single (muzyk)|singles]] fan in beskate perioade. Dêrnjonken wurdt ek by in list fan bêst ferkeapjende [[album (muzyk)|albums]] faak fan in hitlist sprutsen. De earste hitlisten geane werom oant it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]], doe't bgl. it [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[tydskrift]] ''[[Billboard (tydskrift)|Billboard]]'' eltse [[wike]] al in list publisearre fan 'e populêrste [[liet]]en út 'e [[teäter (keunstfoarm)|teäter]]s. Yn [[Nederlân]] wie de earste hitlist dy fan 'e [[KRO]] yn it [[radio]]programma ''Uit en Thuis'', dat begûn op [[3 oktober]] [[1948]]. De wichtichste hitlisten yn Nederlân binne tsjintwurdich de [[Nederlânske Top 40]], de [[Single Top 100]], de [[Mega Top 50]] en de [[iTunes Top 30]]. Yn 'e [[Feriene Steaten]] binne de [[Billboard Hot 100|''Billboard'' Hot 100]] en de [[Billboard 200|''Billboard'' 200]] de wichtichste hitlisten.
 
[[Tradisjoneel]] wiene hitlisten gearstald op basis fan ferkeapsifers út [[muzyk]]winkels foar [[blêdmuzyk]], en letter, fan likernôch mids [[tweintichste iuw]] ôf, op basis fan 'e ferkeap fan [[lûdsdrager]]s ([[grammofoanplaat|grammofoanplaten]], [[kassettebantsje]]s, [[cd's]]). Noch wer letter waard ek ''[[airplay]]'' deryn belutsen, wat in term is foar it tal kearen dat in liet op 'e [[radio]] (of [[tillefyzje]]) te hearren west hat. Nei [[2000]] waard it twifelich oft de neamde manearen om populariteit te mjitten noch wol represintatyf wiene, mei it each op 'e taname fan it [[downloaden]] fan muzyk fia it [[ynternet]]. Sadwaande ferskynden der ek hitlisten op basis fan it tal [[muzykdownload|downloads]], en omtrint [[2010]] waarden muzykdownloads belutsen yn it gearstallen fan 'e measte hitlisten, wêrby't ien download lykslein waard mei de ferkeap fan in single of album yn 'e winkel.