Tûzenjierrich Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
in oanfolling derby
sa dan mar
Rigel 1:
{{Wurk}}
It '''Tûzenjierrich Ryk''' of ek wol it '''Tûzenjierrich Frederyk''' is yn it [[Kristendom|kristlike]] leauwe in [[profesij]] yn it [[Bibel]]boek [[Iepenbiering fan Jehannes|Iepenbiering]]. Neffens dy profesij sil [[Jezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)|Jezus Kristus]] nei [[Weromkommen fan Jezus|syn weromkommen op ierde]] [[Satan]] (de duvel) opslute en sil er in wrâldwiid frederyk stiftsje dat tûzen jier lang duorret. It leauwen yn dat Tûzenjierrich ryk wurdt ek wol [[gyliasme]] neamd, nei it [[Gryksk]]e wurd ''Χίλιοι'' (''chilioi'', dat "tûzen" betsjut). Oare wurden dêrfoar binne '''milennialisme''' (fan it [[Latyn]]ske ''mille'' "tûzen" en ''annus'' "jier") of '''milenarisme''' (fan it Latynske ''millenarius'' "befettet tûzen").
 
It [[premilennialisme]] leaut dat Jezus op ierde weromkomt ear't it Tûzenjierrich Ryk begjint om dêrfoar ta te rieden. It [[postmilennialisme]] leaut dat Jezus neitiids komme sil, yn 'e mande mei de [[Dei fan it Oardiel]]. It [[amilennialisme]] beskôget it Tûzenjierrich Ryk as in symboalysk tiidrek dy't net letterlik bestean sil.
 
== Ynterpretaasjes ==
Fanâlds waard it Tûzenjierrich Ryk sjoen as it ophelpen fan it [[Paradys]] dat ferlern rekke waard troch [[Adam en Eva]]. In soad profesyen út it [[Alde Testamint]] ferwize nei it tiidrek, lykas [[Jesaja (bibelboek)|Jesaja]] 2 en 11, dêr't bygelyks in stiet dat kriichsreauwen ta lânbouark omsmeid wurde sille en dat [[bisten]] goed meiïnoar en mei minsken libje sille.
 
In soad [[teologen]] ynterpretearje de profesij yn [[Iepenbiering fan Jehannes|Iepenbiering]] dat de befolking fan de ierde foarme wurde sil troch dyjingen dy't de [[Grutte benearing]] oerlibbe hawwe en dy't op 'e ein fan it bewâld fan de [[Antykrist]] de minskheid in ein tebekkrongen hawwe. [[Israel]] sil as haad fan alle folken en lannen stean en dy folken sille elts jier de weropboude [[Tempel fan Jeruzalim]] opsykje om Jezus de [[Messias]] te earen dy't as Kening út it Hûs fan [[David fan Israel|David]] oer Israel en oer gâns de ierde hearskje sil. Ek sille ôffurdigen fan alle folken elts jier it [[Leafhuttefeest]] yn Israel meifiere.
 
De frede, dy't neffens de profesij yn dat tiidrek hearskje sil, sil net folslein wêze. De sûnde sil der hieltyd noch wêze, mar wol sûnder it befoarderjen en de oanwêzigens fan [[Satan]] en syn demoanyske ingels. Der stiet ek yn dat de Messias mei "izeren stêf" hearskje sil, want der sil hieltyd wol wat twang nedich wêze om guon yn de stringen te hâlden. Ek sil der noch hieltyd rjochtspraak nedich wêze, nettsjinsteande de frede, om't der oertrêdings waarnaam wurde. Ek sil de dea der noch wêze, mar de minsken sille wol tige âld wurde. Dat de frede net folslein wêze sil, sil ek blike wannear't oan 'e ein fan it tiidrek Satan út syn finzenskip loslitten wurdt en jou him in kâns de minsken te ferlieden om harren tsjin it Keningskip fan Jezus Kristus te fersetten. Neffens de profesij sil in part fan de minskheid him dêryn folgje, mar dy rebûlje wurdt ferslein en mei Satan wurdt dan foargoed ôfrekkene. Dêrnei jout Jezus, de Soan fan God, alle macht werom oan [[God de Heit]]. It Tûzenjierrich Ryk sil dan dien wêze en sil oergean yn de [[Lêste Oardiel]], dêr't God rjocht útsprekke sil oer de dan noch libjenden en de opstiene deaden. Dêrnei sil der in nije [[himel]] en in nije ierde komme. Op dy nije ierde sil it Nije Jeruzalim fanút de himel delkomme. Sûnde, sykte en dea sille der net mear wêze. Dejingen dy't weardich fûn binne, sille foar altyd by God bliuwe meie.
 
== Oare eachpunten ==
[[Ofbyld:Millennial views.gif|thumb|Ferskiljende eachpunten op de [[Opname fan de gemeente]] en it Tûzenjierrich Ryk]]
Net alle [[kristenen]] lizze de profesij fan Iepenbiering op dy manier út. Der binne ferskate streamings dy't útienrinne fan in letterlike ynterpretaasje fan de tekst ta it opfetsjen dat de tekst symboalysk sjoen wurde moatte soe.
 
Neffens ien fan de tradisjonele eachpunten fan de [[Bibel]], wol God mei it Tûzenjierrich Ryk sjen litte dat yn in folmakke wrâld ûnder de hearskippij fan Jezus, dat der noch in soad minsken binne dy't út eigen beweging God net folgje wolle en dat der dus gjin folmakke frede wêze kin. Der moat dus noch in lêste skifting komme tusken harren dy't it [[Keninkryk fan God]] ervje sille en harren dy't foar ivich fan God ôfsnien wêze sille. De ferneamde [[apologeet]] [[C.S. Lewis]] fette it sa gear: "einlings sil God by it lêste oardiel de minsken dy't sizze 'lit jo wil dien wurde' tagong ta de himel jaan. De minsken dy't neat fan God witte wolle en sizze 'lit myn wil dien wurde' sille harren sin krije en foar ivich fan God skaat wurde".
 
Oant yn de [[santjinde iuw]] waard troch otterdokse kristenen meastentiids it [[postmilennialisme]] leaud. Ek binne der, faaks troch [[Augustinus]], in soad kristenen troch de iuwen hinne it [[amilennialisme]] leauwen gien. Ek dy groepen leauwe yn it Tûzenjierrich Ryk, mar leauwe it dochs dat it symboalysk bedoeld waard. Guon amilennialisten leauwe bygelyks dat it "tûzenjierrich" frederyk der no is.
 
==Literatuer==