Dei fan it Oardiel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
dien
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:Michelangelo Buonarroti - Jugement dernier.jpg|thumb|''It Lêste Oardiel'' fan [[Michelangelo]] yn de [[Sikstynske Kapel]]]]
[[Ofbyld:Stefan Lochner - Last Judgement - circa 1435.jpg|thumb|''It Lêste Oardiel'' troch [[Stefan Lochner]] om 1435 hinne, yn it Wallraff-Richartz-Museum yn Keulen]]
[[Ofbyld:Het Laatste Oordeel.jpg|thumb|Printinge fan it Lêste Oardiel, makke troch Johannes Wierix yn de 16e iuw]]
[[Ofbyld:Illustrations to Robert Blair's The Grave , object 12 The Day of Judgment.jpg|thumb|''De Dei fan it Oardiel'' troch [[William Blake]] út 1808 ta yllustraasje fan [[Robert Blair]] syn gedicht ''The Grave'']]
De '''Dei fan it Oardiel''', it '''Lêste Oardiel''' of de '''Jongste Dei''' is yn de leauwen fan it [[kristendom]], [[joadendom]], [[islaam]] en it [[bahaïsme]], yn de snuorje fan de [[eintiid]], de dei dat [[God (monoteïsme)|God]] syn oardiel oer alle minsken, libjend en dea, útsprekke sil. De Dei fan it Oardiel foarmet de kearn fan de [[eskatology]] fan de [[Abrahamityske religyen]].
 
Line 7 ⟶ 9:
== Yn it kristendom ==
=== Bibelske boarnen ===
Yn de [[Bibel]] wurdt yn it [[Alde Testamint|Alde]] en it [[Nije Testamint]] sprutsen fan de [[eintiid]], dêr't libbenen en deaden oardiele wurde sille. Om't de Dei fan it Oardiel in soad yn de Bibel neamd wurdt, nimt it yn de kristlike eskatology in wichtige plak yn. De Dei fan it Oardiel sil neffens de [[Iepenbiering fan Jehannes]] plakfine yn it tiidrek fan it [[Tûzenjierrich Ryk]] en wurdt it dêryn it oardiel foar "de grutte wite troane" neamd (Iepenbiering 20:11). Dan sille alle deaden út harren grêven wei ferrize om dan yn 'e mande mei de libbenen oardiele te wurden fan wat se yn it libben dien hiene. Njonken de [[duvel]] en syn fallen ingels, wurde de minsken dy't God ôfwiisd hawwe, foargoed fan God ôfsnien en yn 'e fjoerpoel smiten. Minsken dy't de genede fan God oannaam hawwe troch Jezus Kristus as harren ferlosser fan sûnden oan te nimmen, en te leauwen dat troch him it ivige libben te ervjen is, sille se rjochtfeardige wêze yn de eagen fan God en it ivige libben ervje ûnder in nije [[himel]], op in nije ierde. God sil dan yn harren midden wenje. Neffens de Bibel hat God in boek, it [[Boek fan it libben]], dêr't it litten en dwaan fan de minsken byholden wurdt, op grûn wêrfan't se yn it [[hjirneimels]] foar de himel bestimd binne.
 
* [[Evangeelje fan Mattéus|Mattéus]] 10:15. "Dit sis Ik jimme: foar Sodom en Gomorra sil it op 'e oardielsdei better út te hâlden wêze as dy stêd".
Line 25 ⟶ 27:
Neffens guon [[protestantsk]]e streamings, dy't leauwe neffens it milennialisme, wurdt it Lêste Oardiel foar de grutte wite troane útsprutsen troch Jezus Kristus, dêr't minsken it ivige libben ervje sille of yn 'e fjoerpoel smiten wurde sille. Felossing sil jûn wurde troch genede oan elts dy't Jezus Kristus as ferlosser en ferjouwer fan de skulden oannimt. Foar de minsken dy't de genede fan God ûntfongen hawwe, is der dan ek noch in twadde oardiel, neffens it Boek fan it libben, dêr't minsken beleand wurde sille neffens harren kristlike libben op ierde.
 
Wat der tusken it ferstjerren en de Dei fan it Oardiel bart, is der in soad ûnwissichheid oer. Guon leauwe dat alle minsken yn it grêf sliepe oant se wer ferrize sille op 'e oardielsdei, wylst oaren leauwe dat kristenen yn de himel binne en de heidenen oer de ierde dwale. Wer oaren tinke dat dy tiid fuort en daliks foarby strykt. Nettsjinsteande, sil it lichem net earder opnaam wurde ear't de dea foargoed ferslein wurdt nei de [[Grutte benearing]].
 
Protestantske milennialisten falle rûchwei yn twa kategoryen: it [[premilennialisme]], dêr't it weromkommen fan Jezus foar it Tûzenjierrich Ryk (milennium) barre sil, en it [[postmilennialisme]], dêr't it weromkommen fan Jezus neitiids plakfine sil.