Mienebêst Ingelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 36:
Underwilens broeiden der in protte ynterne konflikten yn Ingelân. Guon leden fan it Rompparlemint woene in iepentlike republyk hawwe, sûnder it betinksel 'mienebêst' om sa'n steatsfoarm efter te ferskûljen, wylst oaren krekt in beheinde foarm fan 'e monargy weromhawwe woene. It meastepart fan 'e tradisjonele bestjoersklasse, de hege [[adel]], beskôge it hiele Rompparlemint as in yllegaal regear besteande út in soadsje [[keningsmoard]]ners en omheechfallen parvenu's. Mar hja wiene har ek bewust fan it feit dat it Rompparlemint alles wie dat it ûntstean fan in [[militêr]]e [[diktatuer]] tsjinkearde.
 
Hoewol't de [[Tsjerke fan Ingelân]] bestean bleau, waard it [[episkopaat]] (de hierargyske gesachsstruktuer) ôfskaft (der wiene dus gjin [[biskop]]pen mear, mar allinne [[predikant]]en). Benammen op oanstean fan it leger waard it bestean fan in protte ûnôfhinklike tsjerken dulde, hoewol't eltsenien noch hieltyd [[belesting]] oan 'e Tsjerke fan Ingelân betelje moast. Fierders fierde it Rompparlemint lytse herfoarmings op it mêd fan it rjocht troch (alle gerjochtlike prosedueres moasten bgl. fan doe ôf oan yn it [[Ingelsk]] holden wurde ynstee fan yn it [[Anglo-Normandysk]] of it [[Latyn]]). In soad fan dy herfoarmings fan it Rompparlemint, dat út strange [[puriteinen]] bestie, hiene lykwols te krijen mei [[noarmen en wearden]]. Sa waarden [[teäter (gebou)|teäter]]s en [[skouboarch|skouboargen]] sletten ([[toanielspyljen]] soe amoreel wêze) en waard de tsjerkegong op [[snein]] strang ferplichte.
 
Op [[20 april]] [[1653]] ûntbûn Cromwell mei help fan [[Thomas Harrison (militêr)|Thomas Harrison]] it Rompparlemint tsjin 'e wil fan 'e leden yn. Syn redens om dat te dwaan, binne noch altyd ûndúdlik. [[Skiedkundige]]n hawwe as teoryen op 't aljemint brocht dat Cromwell bang wie dat de leden fan it Rompparlemint harrensels ta in [[regear]] ûntwikkelje woene, en dat er bang wie dat it Rompparlemint [[ferkiezing]]s tarette foar in nij parlemint, dat nei alle gedachten yn mearderheid tsjin it Mienebêst wêze soe. Hoe dan ek, it Rompparlemint hold op te bestean, hoewol't in protte leden dêrfan de ûntbining as ûnwettich beskôgen om't it ûntbinen fan it parlemint sûnder de ynstimming fan datselde parlemint op [[11 maaie]] [[1641]] by wet ferbean wie.