Telefyzjespecial: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
In '''telefyzjespecial''' of koartwei '''special''' ([[útspr.]]: ['spɛʃəl], likernôch: "<u>spes</u>-jul") is in op himsels steand [[telefyzjeprogramma]], dêr't tydlik de normale programmearring foar ûnderbrutsen wurdt dy't op datselde tiidstip en [[telefyzjekanaal]] gewoanlik te sjen is. Specials kinne alderhanne ynhâld hawwe dy't fia it [[medium]] [[telefyzje]] ferspriedt wurdt, lykas [[nijs]], [[aktualiteit]]en, in [[toanielstik|toaniel]]- of [[teäter (keunstfoarm)|teäterregistraasje]], [[dramafilm|drama]], [[komeedzjefilm|komeedzje]], [[sketch]]es, ensfh. Se kinne fierders ferskate formaten hawwe, lykas [[live-telefyzje]], in [[tillefyzjestudio|studioproduksje]], in [[dokumintêre]], [[animaasje]], of in [[film]]. En ek de lingte ferskilt, fan in [[koarte film]] oant in [[langspylfilm]] oant in [[telefyzjemaraton]].
 
Foar de útstjoering fan specials bestiet ornaris in direkte oanlieding. Sa wurde mei de [[kryst]] en [[âld en nij]] in protte specials útstjoerd yn ferbân mei de [[feestdei|feestdagen]]. In oare bekende reden kin it [[ferstjerren]] fan in ferneamd persoan wêze, dat dan foar de [[omrop]] oanlieding is om dy jûns in dokumintêre oer syn of har [[libben]] út te stjoeren, of, as it om in [[akteur]] of [[aktrise]] giet, om in bekende film fan him of har op 'e telefyzje te bringen. Ek ynsammelingsaksjes foar de slachtoffers fan [[hongersneed|hongersneden]], [[oerstreaming]]s, [[ierdbeving]]s en oare [[natoerramp]]en foarmje in bekende oanlieding foar in special, dy't yn sokke gefallen yn 'e regel bestiet út in telefyzjemaraton dy't de hiele jûn duorret en wêrby't oan 'e ein fan it programma it ynsammele [[jild]]bedrach bekend makke wurdt.