Poadium: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
In '''poadium''' ([[meartal]]: '''poadia''') is in ferheging om op te stean of om wat op te bouwen. It [[wurd]] komt fan it [[Gryksk]]e πόδι, ''pódi'', dat "foet" betsjut. De meast gongbere foarm in poadium is in ferheging dêr't [[persoan]]en op stean geane om foar it omsteand laach better te sjen te wêzen, en/of om sels in better oersjoch te hawwen. [[teäter (gebou)|Teäter]]s, [[skouboargen]], [[konsert]]hallen, [[nachtklub]]s, [[poppoadium|poppoadia]] en oare gelegenheden dêr't lju [[optreden]]soptredens fersoargje, hawwe in ynboud (of soms in ôfbrekber) poadium, dêr't it optreden op plakfynt. Ek by bygelyks [[popkonsert]]en yn 'e [[iepen loft]] wurdt in poadium boud dêr't de [[sjonger]] of [[band]] op stean kin. De [[poadiumkeunsten]], dy't [[toaniel]], [[teäter (keunstfoarm)|teäter]], [[foardracht]]en, [[sang]] en [[dûns]] omfiemje, wurde sa neamd om't se plakfine op in poadium. Mei de term '[[iepen poadium]]' wurdt oanjûn dat it om in foarstelling giet dêr't eltsenien dy't dat wol oan dielnimme mei. Ek foar [[taspraken]] en [[lêzing]]slêzings wurdt faak in poadium brûkt.
 
Oare foarmen fan poadia binne it opstapke dêr't in [[dirigint]] op stiet om better sichtber te wêzen foar de leden fan syn [[orkest]], en it '''earepoadium''', dat yn 'e [[sport]] brûkt wurdt om 'e winners te earjen. Dat bestiet út trije platfoarms fan ûngelikense hichte, wêrby't dejinge dy't it earste plak behelle hat op it heechste platfoarm komt te stean, en dejinge dy't it trêde plak behelle hat op it leechste. It earepoadium wurdt brûkt by de [[seremoanje|seremoniële]] útrikking fan 'e [[gouden medalje|gouden]], [[sulveren medalje|sulveren]] en [[brûnzen medalje]]s. In hiel oar soarte poadium is de [[krepis]], in [[boukunde|boukundich]] ûnderdiel fan benammen [[Romeinske timpel]]s, yn 'e foarm fan in massyf mitselwurk dat him boppe grûn ferheft en dêr't it eigentlike gebou op boud is.