Houston: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 27:
Yn it neijier fan [[1836]] waard Houston stifte troch twa makelders út [[New York (steat)|New York]], de bruorren [[Augustus Chapman Allen]] en [[John Kirby Allen]], dy't it nije plak ferneamden nei de doetiidske Teksaanske presidint [[Sam Houston]], deselde dy't yn augustus fan dat jier de [[Meksiko|Meksikanen]] ferslein hie yn 'e [[Slach oan de San Jacinto]], wêrmei't er de [[Teksaanske Unôfhinklikensoarloch]] wûn hie. In jier letter, yn [[1837]], krige Houston de status fan [[stêd]].
 
Tsjin [[1860]] hie Houston him ûntjûn ta in hannelssintrum en spoarknooppunt foar de [[útfier]] fan [[katoen]]. Under de [[Amerikaanske Boargeroarloch]] wie de stêd it haadkertier fan ien fan 'e westlikste legers fan 'e [[Konfederearre Steaten fan Amearika|Súdliken]], ûnder generaal [[John B. Magruder]], dy't syn troepen der reemakke foar de [[Slach om Galveston]]. Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch waard der besocht om 'e ''[[bayou|bayou's]]'' dy't Houston mei de see ferbûnen, út te baggerjen, mar pas yn [[1902]] waard yn opdracht fan presidint [[Theodore Roosevelt]] foar ien miljoen [[dollar]] it ''[[Houston Ship Channel]]'', in [[kanaal (wetterwei)|kanaal]] foar seeskippen, nei de stêd ta oanlein. Dat wie nei't yn [[1900]] de konkurrearjende haven fan [[Galveston (Teksas)|Galveston]] troch in [[orkaan]] ferwuostge wie, en nei't der yn [[1901]] [[ierdoalje|oalje]] yn 'e omkriten fan Housten fûn wie.
 
Houston ûntjoech him dêrnei ta it sintrum fan 'e Teksaanske oaljeyndustry. Tsjin [[1910]] wie de befolking suver ferdûbele ta krapoan 79.000 minsken. Yn [[1914]] iepene presidint [[Woodrow Wilson]] de nije haven fan Houston, dêr't sân jier oan wurke wie, en dy't bedoeld wie om 'e oaljeyndustry better syn gerak te jaan. Tsjin [[1930]] wie Houston de grutste stêd fan Teksas wurden, mei rom 290.000 ynwenners, wêrfan't hast in fearn bestie út [[Afro-Amerikanen]]. Yn [[1948]] anneksearre de stêd ferskate omlizzende kriten om fierder útwreidzje te kinnen.