Gobabis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 31:
Sa as in protte plakken yn Namybje is Gobabis ûntstien om in [[missypost]] hinne, (Gobabis betsjut "plak dêr't diskusjearre wurdt" yn it Nama), yn dit gefal stifte yn [[1856]] troch [[Friederich Eggert]] fan de 'Rheinyske Missy Feriening'. It Gobabis distrikt waard opeaske troch de Dútske autoriteiten yn febrewaris [[1894]] en yn juny [[1895]] waard it beset troch in Dútsk garnizoen. It militêre fort, boud yn 1896-7 is al lang ferdwûn, mar in oar gebou út dy tiid is it [[fjildhospitaal]], of lazaret, en dat is no in nasjonaal monumint.
 
Gobabis waakst noch hieltyd troch dat it in trochfierplak is foar guod fan de minen út, it hielendal troch lân omsletten, [[Botswana]] nei de Namybyske haven [[Walfisk Baai]]; en fierders troch de ynfier fan konsuminteguod út [[Jehannesburch (Súd-Afrika)|Jehannesburch]] yn [[Súd-Afrika]].