Ferkrêfting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 3:
 
==Statistiken==
Yn guon lannen komt ferkrêfting mear foar as yn oare. Dat is bgl. it gefal wat de [[Demokratyske Republyk Kongo]], [[Súd-Afrika]] en [[Yndia]] oangiet. De reden dêrfoar is dat ferkrêfting yn sokke lannen mooglik makke of sels oanmoedige wurdt troch in gaoatyske oarlochssitewaasje sûnder ienich justysjeel tafersjoch (eastlik Kongo), of trochdat ferkrêfting ûnder alteast in diel fan 'e befolking sjoen wurdt as in akseptabel maatskiplik ferskynsel (Súd-Afrika, Yndia). Sa kaam yn [[2010]] út in troch de Súdafrikaanske oerheid bekoste stúdzje fan 'e ''Medical Research Foundation'' nei foarren, dat fan 'e ûnderfrege manlju út 'e provinsje [[Gauteng]] (de krite om 'ede metropoal [[Jehannesburch (Súd-Afrika)|Jehannesburch]] hinne) 37% tajoech wolris in frou ferkrêfte te hawwen.
 
Ynternasjonaal sjoen rûn it tal oanjeften fan ferkrêfting by de plysje yn [[2008]] útinoar fan 0,1 per 100.000 minsken yn [[Egypte]] oant 91,6 per 100.000 yn [[Lesoto]]. Yn trochsneed wiene der 4,9 oanjeften per 100.000 minsken; [[Litouwen]], bygelyks, siet persiis op dat gemiddelde. Dat wol sizze dat it wiere tal ferkrêftings dêr nei alle gedachten heger lei, want in ferskaat oan stúdzjes hat oantoand dat ferkrêfting it minst oanjûne fan alle geweldsmisdriuwen is. Sa die yn [[2006]] út in stúdzje fan it Nasjonaal Statistysk Ynstitút bliken dat yn [[Itaalje]] 91,6% fan 'e froulike ferkrêftingsslachtoffers nea oanjefte die.
Rigel 9:
En as der al oanjefte dien wurdt, en de dieder is bekend, dan moat it ek noch ta in feroardieling komme, wat gauris in brêge te fier blykt te wêzen. Yn it [[Feriene Keninkryk]] folge yn [[2002]] bgl. yn mar 5,6% fan alle gefallen fan oanjefte fan ferkrêfting ek in feroardieling fan 'e dieder. Yn [[2003]] die út in stúdzje fan it ''Rape Crisis Network Europe'' bliken dat fan 21 ûndersochte [[Jeropa|Jeropeeske]] lannen [[Ierlân]] mei 1% it leechste feroardielingspersintaazje nei in oanjefte fan ferkrêfting hie.
 
Hoewol't ferkrêfting ornaris mei froulike slachtoffers assosjearre wurdt, kinne manlju krektlyk ferkrêfte wurde, en net inkeld troch oare manlju, mar likegoed troch froulju. Yn [[1999]] rûsde it [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] ''[[Bureau of Justice Statistics]]'' dat 91% fan alle Amerikaanske ferkrêftingsslachtoffers froulju wiene, en 9% manlju, wylst se ynskatten dat 99% fan 'e dieders manlju wiene en 1% froulju. Ferkrêfting troch frjemden komt yn 'e regel minder faak foar as ferkrêfting troch kunde of famyljeleden.
 
==Omstannichheden==